Dick Cheney (folút: Richard Bruce Cheney; Lincoln (Nebraska), 30 jannewaris 1941), is in Amerikaansk Repulikeinsk politikus en sakeman fan mingd Ingelsk, Welsk, Iersk en hugenoatsk Frânsk etnysk komôf. Om utens krige er pas bekendheid doe't er fan 2001 oant 2009 ûnder George W. Bush de 46ste fise-presidint fan 'e Feriene Steaten wie; yn eigen lân spile er lykwols al folle langer yn 'e top fan 'e polityk mei, en wied er foartiid û.m. minister fan Definsje en stêfsjef fan it Wite Hûs. As fise-presidint waard er rûnom sjoen as de "tsjustere macht efter de troan", dy't yn it echt de beslissings naam, wylst Bush syn marionet wie. It is ûnwierskynlik dat it safier gie, mar in feit is dat er ien fan 'e ynfloedrykste fise-presidinten út 'e Amerikaanske skiednis wie. Mei dêrtroch, mar ek fanwegen it trochinoar griemen fan syn politike taken mei syn wurkpaad as ûndernimmer, is Cheney teffens ien fan 'e meast hate politisy fan 'e Feriene Steaten.

Dick Cheney
politikus
echte namme Richard Bruce Cheney
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 30 jannewaris 1941
berteplak Lincoln (Nebraska)
etnisiteit Frânsk
Iersk
Ingelsk
Welsk
partij Republikeinske Partij
Fise-presidint fan de Feriene Steaten
amtsperioade 20012009
foargonger Al Gore
opfolger Joe Biden
Amerikaansk minister fan Definsje
amtsperioade 19891993
foargonger Frank Carlucci
opfolger Les Aspin
Lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen
(foar it 1ste Distrikt fan Wyoming)
amtsperioade 19791989
foargonger Teno Roncalio
opfolger Craig L. Thomas
Stêfsjef fan it Wite Hûs
amtsperioade 19751977
foargonger Donald Rumsfeld
opfolger Hamilton Jordan

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Cheney waard yn 1941 berne yn Lincoln, yn 'e steat Nebraska, as ien fan 'e trije bern fan Richard Herbert Cheney, in wurknimmer fan it Amerikaanske Ministearje fan Lânbou op it mêd fan grûnbehâld (d.w.s it tsjingean fan grûneroazje), en Marjorie Lorraine Dickey, dy't yn 'e 1930-er jierren in ferneamd softbalspylster wie. Cheney syn foarfaar William Cheney ymmigrearre yn 'e santjinde iuw fan Ingelân nei Massachusetts, en hy is in fiere neef fan twa Demokratyske presidinten fan 'e Feriene Steaten, Harry Truman en Barack Obama, dy't mei him in foarmem gemien hawwe yn Mareen Duvall, in hugenoate dy't yn 'e santjinde iuw Frankryk ûntflechte en har earst yn Ingelân en letter yn Marylân nei wenjen sette.

Syn bernetiid brocht Cheney foar it grutste part troch yn Sumner, yn Nebraska. Doe't er in jier as tsien wie, ferhuze it gesin nei Casper, yn 'e steat Wyoming, dêr't er de middelbere skoalle folge. Neitiid studearre er oan 'e prestizjeuze Universiteit fan Yale, yn New Haven, mar fanwegen oanpassingsswierrichheden briek er dêr twaris syn stúdzje ôf. Letter learde er fierder oan 'e Universiteit fan Wyoming, te Laramie, dêr't er in bachelors- en in masterstitel yn politikology behelle. Dêrnei sette er útein mei in doktoraalstúdzje oan 'e Universiteit fan Wiskonsin te Madison, mar makke dy net ôf. Hy waard oproppen foar militêre tsjinst (ûnder de Fjetnamoarloch wie yn Amearika de tsjinstplicht fan krêft), mar frege fiif kear útstel oan. Doe't him dêr yn in fraachpetear yn 1989 nei frege waard, antwurde er: "Ik hie yn 'e jierren sechstich oare prioriteiten as militêre tsjinst."

 
Presidint Gerald Ford (m.), mei syn stêfsjef fan it Wite Hûs Donald Rumsfeld (l.) en dy syn assistint Dick Cheney (rj.), yn april 1975.

Trouwen en húshâlding

bewurkje seksje

Yn novimber 1962, doe't er 21 jier wie, waard Cheney arrestearre en letter feroardiele foar riden ûnder ynfloed. It jiers dêrop barde dat nochris. Neffens himsels holp de rjochtsferfolging him om fan 'e drank ôf te kommen. Yn 1964 troude er mei Lynne Vincent, syn faam fan 'e middelbere skoalle, dy't er foar it earst met hie doe't se allebeide fjirtjin jier wiene. Yn jannewaris 1966, doe't Cheney syn fyfde en lêste útstel fan militêre tsjinst oanfrege, wie syn frou tsien wiken swier fan harren earste bern, en waard er dêrfandinne foarearst útsûnder fan tsjinst fanwegen it feit dat er in gesin hie. It jiers dêrop waard er 26 en foel er bûten de tsjinsplicht, dy't er sadwaande nea ferfolle hat.

Cheney en de frou krigen twa bern, Elizabeth "Liz" Cheney, dy't troud is mei Philip J. Perry, in eardere hege amtner op it Amerikaanske Ministearje fan Thúslânbefeiliging, en Mary Cheney, in lesbiënne dy't mei har frou Heather Poe yn Great Falls, yn 'e steat Firginia, wennet. De Cheneys hawwe sân bernsbern. Fanwegen de homoseksualiteit fan syn jongste dochter rint Cheney wat út 'e pas mei de rest fan 'e Repulikeinske Partij, en is er sûnt 2004 in iepentlik foarstanner fan 'e ynfiering fan it homohoulik yn it hiele lân.

 
Cheney as minister fan Definsje.

Cheney begûn syn karriêre as Republikeinsk politikus yn 1969, yn 'e hoedanichheid fan stazjêr foar William A. Steiger, in lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen. Under de regearings fan Nixon en Ford klom er op ta in posysje yn 'e stêf fan it Wite Hûs, en ûnder Gerald Ford wied er fan 1975 oant 1977 sjef fan 'e stêf fan it Wite Hûs. Yn 1978 waard er keazen ta lid fan it Hûs fan Offurdigen foar syn thússteat Wyoming, in amt dêr't er fiif kear foar werkeazen waard en dat er fan 1979 oant 1989 ferfolle. Under it presidintskip fan George H.W. Bush wied er fan 1989 oant 1993 minister fan Definsje. Yn dy hoedanichheid joech er û.m. lieding oan 'e Amerikaanske ynfal yn Panama, yn 1989, wêrby't de yn 'e ynternasjonale drugshannel behelle Panameeske diktator Manuel Noriega ôfset en finzen nommen waard, en Operaasje Desert Storm, de Amerikaanske dielname oan 'e Earste Golfoarloch, om it troch Irak besette Koeweit te befrijen.

Nei't yn 1993 it regear fan Bush it fjild romje moatten hie foar de Demokratyske presidint Bill Clinton, sette Cheney útein mei in karriêre yn it sakelibben, en wied er fan 1995 oant 2000 direkteur fan 'e Halliburton Company, in grutte spiler yn 'e Amerikaanske en mondiale oaljeyndustry. It bedriuw ferhannelet sels gjin oalje, mar biedt tsjinsten oan dêr't men ferlet fan hat by it boarjen nei oalje. Cheney syn wurkpaad by Halliburton is net alhiel ûnbesmodzge, en hy waard letter neamd as ferklage by ferskate rjochtsaken tsjin it bedriuw, wêrûnder ien foar korrupsje dy't yn 2010 troch de Nigeriaanske steat oanspand waard (en bûten de rjochter om troch Halliburton foar $250 miljoen ôfkocht waard). Cheney syn fermogen, dat rûsd wurdt tusken de $19 en $86 miljoen, hat er fierhinne yn syn perioade by Halliburton opboud.

 
Presidint George W. Bush mei syn wichtichste adviseurs, minister fan Definsje Donald Rumsfeld (l.) en fise-presidint Dick Cheney (rj.).

Yn 2000 waard Cheney troch de Republikeinske presidintskandidaat George W. Bush frege om syn running mate (fise-presidintskandidaat) te wurden. Dêrop naam er ûntslach by Halliburton, wêrmei't er neffens himsels eltse belangeferminging foarkaam. Tegearre mei Bush waard er by de presidintsferkiezings it Demokratyske kandidaatspear Al Gore en Joseph Lieberman oermânsk, en yn 2004 waarden hy en Bush werkeazen nei't se John Kerry en John Edwards ferslein hiene. Sadwaande wie Cheney fan 2001 oant 2009 de 46ste fise-presidint fan 'e Feriene Steaten. Yn dy hoedanichheid makke er himsels geandewei ympopulêrder, oant er ien fan 'e meast hate persoanen yn 'e Amerikaanske polityk wie. De krityk op him wie fral rjochte op syn grutte ynfloed op it belied fan 'e regearing-Bush, dy't er nei de oanslaggen op 9/11 brûkte om 'e Twadde Golfoarloch en de Amerikaanske besetting fan Irak troch te setten. Dat by de weropbou fan Irak opdrachten fan in wearde dy't yn 'e miljarden rûn oan 'e Halliburton Company gund waarden, skeat withoefolle Amerikanen yn it ferkearde kielsgat, mei't dat sjoen waard as in frijwol iepentlike foarm fan freonepolityk en korrupsje. Fierders wie Cheney in grut en ûnberoulik foarstanner fan alle maatregels fan 'e regearing-Bush oangeande de bestriding fan terrorisme, wêrûnder net inkeld militêre aksje om utens, mar ek yllegale ôflústerpraktiken en saneamde "útwreide ûnderfregingstechniken" lykas waterboarding en oare foarmen fan marteling.

Op 27 febrewaris 2007, wylst Cheney in besyk brocht oan 'e Alliëarde loftmachtbasis op it Fleanfjild Bagram, fuort bûten de Afgaanske haadstêd Kabul, besocht in selsmoardterrorist tagong te krijen ta de basis, en brocht, doe't dat net slagge, syn bom ta ûntploffing, wêrby't 23 minsken omkamen en nochris 20 ferwûne rekken. De Taliban easken letter de ferantwurding foar de oanslach op en ferklearren dat Cheney it doelwyt west hie.

 
Dick Cheney yn 2011.

Yn 2006 kaam Cheney yn it nijs doe't er by in jachtpartij yn it Teksaanske Kenedy County by fersin in kunde fan him, de 78-jierrige abbekaat Harry Whittington, fan in ôfstân fan 40 m mei hagel yn it gesicht en boarst skeat. De man waard daliks holpen troch it medysk personeel en de Secret Service-aginten dy't Cheney by him hie, en hoewol't er letter yn it sikehûs noch in hertoanfal krige om't teminsten ien hagelkerl yn of fuortby syn hert bedarre wie, bettere er wer hielendal op (al besleaten de dokters om in stik as tritich stikken hagel yn syn lichem te litten om't it fuortheljen dêrfan gruttere risiko's opsmiet as om se mar gewurde te litten). Sawol Cheney as Whittington hawwe befêstige dat it om in ûnnoazel ûngelok gie. Whittington wegere lykwols te antwurdzjen doe't him frege waard oft Cheney syn ûntskuldigings oanbean hie. De fise-presidint waard fanwegen dit ynsidint yn 'e media ûnmeilydsum op 'e hak nommen, en syn populariteitssifers dûkelen yn fjirtjin dagen tiid fan 23% nei 18%.

Lettere jierren

bewurkje seksje

Hoewol't it suver wenst is dat in fise-presidint him nei de uterste termyn fan syn presidint ferkiesber steld foar it Amerikaanske presidintskip, seach Cheney dêr yn 2008 fanôf, mei it each op syn ympopulariteit en syn sûnensswierrichheden. Sûnt er begjin 2009 fise-presidint-ôf waard, hat er him ferskate kearen tige kritysk útlitten oer it belied fan 'e regearing-Obama. Yn 2011 ferskynde syn autobiografy, dy't er tegearre mei syn dochter Liz skreaun hie: In My Time: A Personal and Political Memoir.

Al desennia lang lijt Cheney oan slimme hertproblemen. Hy hat troch de jierren hinne fiif hertoanfallen hân, de earste yn 1978, doe't er noch mar 37 jier wie. De tweintich jier dêrfoar hied er likernôch trije pakjes sigaretten deis smookt; dat sil der grif wat mei te krijen hân hawwe. Lettere hertoanfallen hied er yn 1984, 1988, 2000 en 2010. Yn 1988 en twaris yn 2001 ûndergie er in hertoperaasje, en yn 2006 en nochris yn 2007 waard er operearre oan 'e ieren yn syn skonken, dêr't er bloedklûnten ûntwikkele hie. Yn 2012 ûndergie er einlings in folsleine herttransplantaasje. Presintator Pierce Morgan, dy't in praatprogramma hat op 'e stjoerder CNN, neamde Cheney yn 2013 "de lokkichste man op 'e wrâld", want "eltse kear as er it hàst ôfleit, fynt de medyske wittenskip wer wat nijs út dat him it libben rêdt."

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.