Dan Quayle
Dan Quayle (folút: James Danforth Quayle; Indianapolis, 4 febrewaris 1947), is in Amerikaansk Republikeinsk politikus fan mingd etnysk Manksk en Angelsaksysk Amerikaansk komôf, dy't fan 1989 oant 1993 ûnder George H.W. Bush de 44ste fise-presidint fan 'e Feriene Steaten wie. Quayle wie net botte populêr, en stie bekend om syn flaters, lykas it beruchte potatoe-ynsidint. Nei ôfrin fan syn fise-presidintskip sette er útein mei in karriêre as sakeman.
Dan Quayle | ||
politikus | ||
echte namme | James Danforth Quayle | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 4 febrewaris 1947 | |
berteplak | Indianapolis (Indiana) | |
etnisiteit | Manksk | |
partij | Republikeinske Partij | |
Fise-presidint fan de Feriene Steaten | ||
amtsperioade | 1989 – 1993 | |
foargonger | George H.W. Bush | |
opfolger | Al Gore | |
Amerikaansk senator foar Indiana | ||
amtsperioade | 1981 – 1989 | |
foargonger | Birch Bayh | |
opfolger | Dan Coats | |
Lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen (foar it 4de Distrikt fan Indiana) | ||
amtsperioade | 1977 – 1981 | |
foargonger | J. Edward Roush | |
opfolger | Dan Coats |
Libben
bewurkje seksjeJonkheid, oplieding en húshâlding
bewurkje seksjeQuayle waard yn 1947 berne yn Indianapolis, yn 'e steat Indiana, as de soan fan James Cline Quayle, in útjouwer, en dy syn frou Martha Corinne Pulliam. Der bestiet in flater dy't dreech út te rûgjen bleken is, dy't hawwe wol dat Quayle syn folsleine namme "James Danforth Quayle III" wêze soe. De namme Quayle komt fan it eilân Man, yn 'e Ierske See, dêr't Quayle syn oerpake berne waard. Syn pake oan memmekant wie de begoedige útjouwer Eugene C. Pulliam, dy't mear as tsien grutte Amerikaanske kranten yn besit hie, lykas de Arizona Republic en de Indianapolis Star. Yn 1955, doe't Quayle acht jier wie, ferhuze syn heit mei de húshâlding nei Arizona, dêr't er oan it haad fan 'e súdwestlike tûke fan 'e útjouwerij kaam te stean. Letter kearden se werom nei Indiana.
Quayle gie nei de middelbere skoalle yn Huntington, dêr't er yn 1965 slagge foar it eksamen. Hy die dêrnei in oplieding politikology oan 'e eksklusive DePauw Universiteit yn Greencastle, dêr't er yn 1969 ôfstudearre. Fan 1969 oant 1975 tsjinne er yn 'e lânmacht fan Nasjonale Garde fan Indiana en berikte de rang fan serzjant. Under tsjinst studearre er fierder en yn 1974 helle er de titel master yn de rjochten oan 'e Robert H. McKinney Rjochteskoalle fan 'e Indiana University. Wylst er foar jurist learde, mette er Marilyn Tucker, dy't dêr yn deselde snuorje in jûnsoplieding folge. Hja trouden yn 1972, en krigen trije bern: Tucker, Ben en Corinne.
Politike karriêre
bewurkje seksjeFan 1974 oant 1976 wie Quayle yn Huntington wurksum as abbekaat. Yn 1976 waard er mei 29 jier foar de Republikeinske Partij yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen keazen, dêr't er fan 1977 oant 1981 it fjirde distrikt fan Indiana fertsjintwurdige. Fan 1981 oant 1989 siet er foar de steat Indiana yn 'e Amerikaanske Senaat. By de presidintsferkiezings fan 1988 waard er troch de Republikeinske kandidaat, George H.W. Bush, útnûge om syn running mate (fise-presidintskandidaat) te wurden. Hoewol't yn de Republikeinske Partij net eltsenien like bliid wie mei Bush syn kar, wûnen Bush en Quayle dochs de ferkiezings fan harren Demokratyske tsjinstanners Michael Dukakis en Lloyd Bentsen.
As fise-presidint waard oan Quayle ferantwurdlikheid taskood om 'e Feriene Steaten op ekonomysk mêd konkurrearjender te meitsjen, en teffens wied er de earste foarsitter fan 'e National Space Council (NSC). Yn dy lêste hoedanichheid rôp er op ta grutter bewustwêzen fan 'e potinsjele gefaren dy't asteroïden foar de Ierde ynholden. Fierders lei Quayle as fertsjintwurdiger fan Bush steatsbesiken ôf oan 47 ûnderskate lannen. Lykwols stie syn fise-presidintskip fral yn it teken fan syn flaters en ûnnoazele, tsjinstridige en betize útspraken. Syn hiele amtstermyn lang wie it feest foar de media, dy't him ûnmeilydsum op 'e hak namen, wylst Bush-en-dy besochten de brokkepiloat safolle mooglik út 'e wyn te hâlden (wat wierskynlik ien fan 'e redens wie dat er sa faak om utens stjoerd waard).
In ferneamd wurden foarfal fûn plak ûnder de presidintskampanje fan 1988, doe't Quayle yn in debat mei de Demokratyske fise-presidintskandidaat Lloyd Bentsen syn eigen politike karriêre ferlike mei dy fan John F. Kennedy. Bentsen reägearre mei de legindarysk wurden: "Senator, jo binne gjin Jack Kennedy." Oer de Holokaust sei Quayle: "De Holokaust wie in obsene perioade yn 'e skiednis fan ús lân... Nee, net fan ús lân, mar yn 'e Twadde Wrâldoarloch. Ik bedoel, we libje allegear yn dizze iuw. Ik libbe net yn dizze iuw, mar yn 'e skiednis fan dizze iuw." Oer himsels bewearde er: "Ik haw yn it ferline goede ôfweagings makke en ik haw yn 'e takomst goede ôfweagings makke." By in taspraak foar it United Negro College Fund, in organisaasje dy't him ynset foar heger ûnderwiis foar kânsearme swarte jongerein, en dy't as biedwurd hat "It is sonde om in goed ferstân te fergriemen", sei Quayle: "Nim no it idee fan it UNCF, hoe'n sonde oft it is om jins ferstân te ferliezen of dat gjin ferstân te hawwen sa freeslik fergriemend is. Wat is dat in wier wurd."
Oer in bemanne romteflecht nei Mars makke er in hiele rige foute útspraken efterinoar: "Mars is yn prinsipe yn deselde baan om 'e sinne [as de Ierde] [...] Mars befynt him op likernôch deselde ôfstân fan 'e sinne ôf, wat tige wichtich is. We hawwe foto's sjoen dêr't kanalen op steane, tinke wy, en wetter. As der wetter is, betsjut dat dat der soerstof is. En as der soerstof is, betsjut dat dat we der sykhelje kinne." (Mars is nèt yn deselde baan om 'e sinne, en befynt him dus ek net op deselde ôfstân fan 'e sinne; in kanaal is in troch minsken groeven wetterwei – wat er bedoelde wie "rivierbêden"; wetter stie net op 'e foto's; as der al wetter is, hoecht dat hielendal net te betsjutten dat der ek soerstof is, en as der soerstof is, kin it bêst wêze dat minsken der dochs net sykhelje kinne.)
En dan wie der it beruchte potatoe-ynsidint, wêrby't Quayle op 15 juny 1992 as sjuerylid fungearre by in staveringswedstryd foar skoalbern op 'e Muñoz Rivera Legere Skoalle yn Trenton, yn 'e steat Nij-Jersey. De tolvejierrige skoaljonge William Figueroa krige it Ingelske wurd foar "jirpel" foarlein, en stavere dat korrekt as "potato". Quayle ferbettere dy stavering lykwols ta "potatoe" (it meartal is yndie potatoes, mar de ekstra "e" komt net yn it inkeltal foar). Dêrop barste der sa'n stoarm fan krityk en spotternij oer him los as noch net earder foarkommen wie. Quayle ferdigene him letter troch te sizzen dat er fertroud hie op 'e kaartsjes mei wat de korrekte stavering west hawwe moatten hie, dy't er krigen hie fan 'e skoalle. Dêrop stie it wurd as potatoe stavere, en hoewol't er dêr sels syn twifels oer hân hie, hied er him der dochs mar op ferlitten. De útlis holp him neat, en hy waard neitiid, alteast yn 'e media, nea wer foar fol oansjoen.
Under de presidintsferkiezings fan 1992, wêrby't Bush en Quayle it opnimme moasten tsjin it Demokratyske keppel Bill Clinton en Al Gore en de ûnôfhinkliken Ross Perot en James Stockdale, waard Quayle troch in grut diel fan 'e Republikeinske Partij as in bongel oan Bush syn foet sjoen, en in faksje binnen de partij, oanfierd troch minister fan Bûtenlânske Saken James Baker, besocht him as fise-presidintskandidaat ferfange te litten troch in oar. Dat slagge har lykwols net, en Quayle gie mei Bush de ferkiezings yn, dy't se lykwols ferlearen oan Clinton en Gore.
Lettere karriêre
bewurkje seksjeNeitiid sette Quayle útein mei in karriêre as sakeman. Sûnt 1999 wurket er by it hedge fund Cerberus Capital Management, dêr't er meitiid opklom ta direkteur fan 'e ôfdieling mondiale ynvestearrings. Dêrnjonken publisearre er yn 1994 de memoires fan syn fise-presidintskip, Standing Firm (likernôch: "Hâld Hoek"), dat in bestseller waard. Teffens skreau er in pear boeken oer "tradisjonele Amerikaanske gesinswearden" (in hobbelhynke fan 'e Republikeinske Partij): The American Family: Discovering the Values that Make Us Strong ("It Amerikaanske Gesin: It Untdekken fan de Wearden Dy't Us Sterk Meitsje"; 1996) en Worth Fighting For ("It Wurdich om foar te Fjochtsjen"; 1999). Fierders skreau er in kollem dy't yn ferskate kranten ferskynde, en wied er aktyf as polityk lobbyist.
Yn 1996 fêstige Quayle him yn Paradise Valley, yn Arizona. Dat jiers seach er derfan ôf en stel himsels kandidaat foar it presidintskip, mei't er doe oanhelle wie mei ierûntstekking. Yn 2000 died er àl mei oan 'e ferkiezings, mar waard er yn 'e foarferkiezings as ferslein troch George W. Bush. Quayle syn soan Ben Quayle wie fan 2010 oant 2012 lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes en Further reading, op dizze side.
|