Autobiografy

(Trochferwiisd fan Memoires)

In autobiografy (fan it Grykske αὐτός, autos, "self"; βίος, bios, "libben"; en γράφειν, graphein, "skriuwe") is in literêr sjenre yn 'e foarm fan in eigenskreaun ferslach fan jins libben. Yn 'e Aldheid waard sa'n tekst in apology, oftewol "ûntskuldiging" neamd, mei't it doedestiden altiten mear wei hie fan in selsrjochtfeardiging as fan in selsdokumintêre. Fiksjewurken befetsje gauris autobiografyske eleminten, ek al makket dat se uteraard noch net ta autobiografyen.

Earste druk fan de autobiografy Aus meinem Leben. Dichtung und Wahrheit fan Johann Wolfgang von Goethe

Twa sjenres dy't nau besibbe binne oan 'e autobiografy binne it deiboek en de memoires. It deiboek ferskilt fan 'e autobiografy trochdat it gjin trochrinnend ferhaal is, mar in losse deistige opsomming fan barrens. En memoires hawwe in smeller eachweid as in autobiografy: wylst in autobiografy it libben en de wrâld fan in persoan beskriuwt, rjochtsje memoires harren yn 'e regel inkeld op in beskate perioade út en in beskaat diel fan in libben. Sa soe de hear X, as dy bgl. minister-presidint fan Nederlân west hie, yn in autobiografy syn hiele libben fan syn berte ôf behannelje, wylst er yn syn memoires nei alle gedachten inkeld syn amtsperioade beskriuwe soe, en dan noch allinnich ynsafier't dy yn ferbân stie mei syn minister-presidintskip, dus sûnder (djip) yn te gean op syn priveelibben.