Stavropol

Stavropol (Russysk: Ста́врополь) is in stêd yn it suden fan Ruslân noardlik fan de Kaukasus. De stêd leit net fier fan de grins mei Tsjetsjeenje en is it bestjoerlike sintrum fan de kraj mei deselde namme.

Stavropol
Ста́врополь
Казанский собор в Ставрополе. 2021.jpg
Flagge Wapen
Flag of Stavropol.svg Coat of Arms of Stavropol (1994).png
Sifers
Ynwennertal 458.233 (2022)
Oerflak 171.7 km²
Befolkingstichtens 2.668,8 ynw/km²
Hichte 620 meter
Polityk
Lân Flag of Russia.svg Ruslân
Oblast Flag of Stavropol Krai.svg Stavropol
Oar
Stifting 1777
Tiidsône UTC+3 MSK
Koördinaten 45° 02' N 41° 58' E
Webside ставрополь.рф

SkiednisBewurkje

 
Alde fêstingmuorre fan Stavropol

Yn 1777 waard de stêd as fort stifte. Tsjin it ein fan de 18e iuw wie it yn it Russyske Ryk moade om oan nije plakken pseudo-Grykske nammen mei de utgong 'pol' te jaan. Stavropol betsjut 'stêd fan it krús'. Werom't de stêd sa neamd waard soe te meitsjen hawwe kinne mei de fynst fan in krús by it lizzen fan de fûneminten fan it fort. In oare mooglikheid is dat it fort de foarm hie fan in langwerpich oerflak mei in soad hoeken en twa inoar krusende assen hat as basis. De flagge en it wapen ferwize ek nei de namme fan de stêd. It plak krige yn 1785 de status fan stêd.

Yn de jierren 1930 krige de stêd de namme Vorsjilovsk, nei de Sovjetlieder Kliment Efremovitsj Vorosjilov. Op 3 augustus folge de besetting fan de stêd troch foarút stoarmjende Dútske troepen. Op 12 augustus 1942 waarden de 3.500 joaden fan de stêd by inoar brocht en en yn de buert fan it fleanfjild deasketten. Nei de befrijing fan de stêd yn 1943 krige de stêd de âlde namme werom.

Yn 1931 waard yn in doarp by Stavropol Michail Gorbatsjov berne en makke nei syn stúdzje rjochten yn Moskou yn de jierren 1950 karjêre yn de Kommunistyske Partij fan Stavropol.

Strideraasjes yn de regio nei de ûntbining fan de Sovjet-Uny soargen foar in soad flechtlingen út de oanbuorjen dielrepubliken. Op 26 maaie 2010 fûn by it konsertgebou fan de stêd in terroristyske oanslach plak, flak foardat in Tsjetsjeenske dûnsgroep Vainach in foarstelling jaan soe en in soad minsken foar it gebou stiene. By de oanslach ferstoaren 8 minsken en 57 rekken ferwûne. Dokka Umarov fan it jihadistyske Kaukasysk Emiraat easke de oanslach op. Foar de útfiering en organisaasje fan de oanslach waard yn novimber dat jier de 21-jierrige Tsjerkes Rûstamov út Dagestan oppakt. Twa meiplichtige dieders, Abibûlla Abdûllajev en Farid Misrijev, kamen by de oanslach om it libben. Tsjerkes Rûstamov waard foar it rjocht skuldich ferklearre en krige libbenslang.

BefolkingBewurkje

Russen meitsje 89% fan de befolking út. Fierder is der in Armeenske mienskip, dy't 4,5% fan de befolking útmakket. De rest fan de befolking bestiet út lytsere minderheden.

BefolkingsferrinBewurkje

Jier 1997 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010 2022
Ynwenners 41.590 85.121 141.023 198.251 258.233 318.298 354.867 398.539 458.233
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Stavropol fan Wikimedia Commons.