Joeri Andropov
Joeri Vladimirovitsj Andropov (Nagûtskaja (Kraj Stavropol, Ruslân), 15 juny 1914 — Moskou, 9 febrewaris 1984) wie in Sovjet-Russyske politikus.
Joeri Andropov | ||
politikus | ||
Andropov (1970) | ||
echte namme | Joeri Vladimirovitsj Andropov | |
nasjonaliteit | Sovjet | |
berteplak | Nagoetskaja | |
stjerdatum | 9 febrewaris 1984 | |
stjerplak | Moskou | |
partij | CPSU | |
Sekretaris-generaal fan de Kommunistyske Partij fan de Sovjet-Uny | ||
amtsperioade | 1982-1984 | |
foargonger | Leonid Brezjnev | |
opfolger | Konstantin Tsjernenko | |
Foarsitter fan it Presidium fan de Opperste Sovjet fan de Sovjet Uny | ||
amtsperioade | 1983-1984 | |
foargonger | Vasili Kûznetsov | |
opfolger | Vasili Kûznetsov | |
Foarsitter fan it Steatskomitee foar Steatsfeiligens | ||
amtsperioade | 1967-1982 | |
foargonger | Vladimir Semichastny | |
opfolger | Vitaly Fedorchuk | |
lid fan it Politburo | ||
amtsperioade | 1967-1984 | |
Lid fan it Sekretariaat | ||
amtsperioade | 1962-1967 1982-1984 |
Karriêre
bewurkje seksjeYn 1936 waard Andropov funksjonaris fan de kommunistyske jongereinorganisaasje Komsomol. By de earste grutte suvering (de paranoïde Jozef Stalin liet hûnderten regearings- en legerfunksjonarissen op beskuldiging fan spionaazje of ferried eksekutearje) klom Andropov hurd op yn de Komsomol. Hy waard yn 1939 lid fan de kommunistyske partij fan de Sovjet-Uny en makke karriêre yn Moskou. Yn 1940 waard er sekretaris fan Komsomol.
Doe't de Dútsers yn de Twadde Wrâldkriich Ruslân ynfoelen focht er as in partisaan efter de Dútske linys. Der kaam er yn oanrekking my de Russyske feilichheidstsjinst (NKVD), de lettere KGB). Nei de kriich krige Andropov in soad wichtige partijfunksjes. Nei de dea fan Jozef Stalin waard er yn 1953 fuort promovearre en ambassadeur fan de USSR yn Hongarije. Dêr slagge it him de Hongaarske Opstân del te slaan troch de sittende politisy te arrestearjen. Tsjinstanners neamden him wreed. De lieders fan de Hongaarske opstân, ûnder oaren Pál Maléter en Imre Nagy, waarden koarte tiid letter eksekutearre. Nei de Hongaarske opstân kaam Andropov werom yn de heechste rangen fan de CPSU.
Yn 1967 beneamde Leonid Brezjnev, doe de lieder fan Sovjet-Uny, Andropov ta haad fan de KGB. Hy soe dat seis jier dwaan, dêrnei waard Andropov lid fan it Politburo, it heechste orgaan fan de Kommunistyske partij.
Doe't Brezjnev begjin novimber 1982 ferstoar beneamde it politburo Andropov ta sekretaris-generaal fan de partij. Hy waard de machtichste persoan fan de Sovjet-Uny. Ien fan syn belangrykste rivalen wie Konstantin Tsjernenko, dy’t nei him de lieder fan de Sovjet-Uny wurde soe. Andropov seach yn dat de steat fan de ekonomy fan de Sovjet-Uny net goed wie. Hy fierde in oantal herfoarmingen yn. Ek pakte er de korrupsje fan Sovjetamtners oan. Ferskate minsken waarden oppakt. Ek waarden der ekonomyske eksperiminten hâlden yn de foarm fan it nije ekonomyske meganisme. Andropov soarge der ek foar dat de lettere Michail Gorbatsjov yn it politburo kaam. Gorbatsjov soe de ideeën fan Andropov in pear jier letter útfiere. Troch syn minne sûnens koe Andropov de nedige herfoarmingen net trochfiere. Dokters fûnen út dat er sûkersykte hie en in te hege bloeddruk mei groanyske nierproblemen. Yn 1983 koe Andropov net by de jierlikse parade fan it reade leger wêze. Brezjnev dy’t in jier dêrfoar hast dea delfoel wie der doe wol.
Andropov ferstoar op 9 febrewaris 1984 yn Moskou. Hy waard doe opfolge troch Konstantin Tsjernenko.