Grinslânsk Museum

It Grinslânsk Museum (Nederlânsk: Groninger Museum) waard oprjochte yn 1874. It hjoeddeiske gebou waard iepene yn 1994 en hat syn plak krige yn it opfallende gebou tsjin it Sintraal stasjon fan Grins oer. As in eilân leit it yn it "Verbindingskanaal" en is middels twa fytser/kuierbrechjes mei de wâl ferbûn.

Grinslânsk Museum
Groninger Museum
  museum
It Grinslânsk Museum, eastlike paviljoen
It Grinslânsk Museum, eastlike paviljoen
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente Grins
plak Grins
adres Museumeiland 1
koördinaten 53° 12′ 43″ N 6° 33′ 56″ E
Algemiene gegevens
type keunstmuseum
skiedkundich museum
wurkmêd Grinslân
oprjochting 1874
oprjochter Johan Adriaan Feith
besikers 94.361 (2021)
Arsjitektuer
type gebou museumgebou
arsjitekt Alessandro Mendini Middenpaviljoen & Mendini 1&2
Michele de Lucchi Lucchipaviljoen
Philippe Starck Starckpaviljoen
Coop Himmelb(l)au
boujier 1994
boustyl modern
Offisjele webside
groningermuseum.nl
Kaart
Grinslânsk Museum (Grins-Binnenstêd)
Grinslânsk Museum
Lokaasje yn Grins

It gebou bestiet út trije parten en is troch in kombinaasje fan arsjitekten boud wurden. De ferantwurdlike arsjitekten binne: Alessandro Mendini (1931-2019), Philippe Starck, it duo Coop Himmelb(l)au en Michele de Lucchi. It gebou is delsetten yn de postmoderne boustyl. It eastlike paviljoen wurdt ek wol in foarbyld fan it dekonstruktivisme neamd.

  • It westlike paviljûn, mei û.o. de fêste eksposysje fan de De Ploeg-keunstners en de samling Japansk en Sineesk porselyn.
  • Yn it midden it haadgebou mei de yngong, it hege goudkleurige depot en it restaurant.
  • It eastlike paviljoen mei wikseljende eksposysjes.

De wikseljende eksposysjes bestrike it spektrum fan archeologyske fynsten oant en mei de moderne keunst. Yn it ferline binne der eksposysjes yn it Grinslânsk Museum hâlden dy't in soad folk luts.
In foarbyld wie de samling wurken fan de Russyske skilder Ilja Repin, in eksposysje yn 2003, iepene troch de âld-presidint Michail Gorbatsjov. Yn it begjin fan 2006 wie der in útstalling fan Prof. Van Giffen, de ferneamde terpûndersiker. Yn 2020 waard in tentoanstelling oer The Rolling Stones The Rolling Stones: Unzipped iepene mar waard nei fjouwer wiken al wer sletten fanwegen de Koroana krisis. Yn de simmer fan 2023 kaam dizze tentoanstelling werom nei Grins.

Keppeling om utens

bewurkje seksje