Privolnoje
Privolnoje (Russysk: Приво́льное) is in doarp yn it rajon Krasnogvardejski-rajon fan de kraj Stavropol yn Ruslân. It doarpke leit oan de rivier de Jegorlyk.
Privolnoje
Приво́льное | ||
Bestjoer | ||
Lân | Ruslân | |
kraj | Stavropol | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3400 (2015) | |
Hichte | 50 m | |
Oar | ||
Stifting | 1848 | |
Tiidsône | UTC+3 MSK | |
Koördinaten | 45° 55' N 41° 18' E | |
Offisjele webside | ||
adm-privolnoe.ru |
Privolnoje is it bertedoarp fan Michaïl Gorbatsjov. Hy waard berne yn de tiid fan de grutte hongersneed fan 1932-1933 en skreau dêr oer: 'Yn dat ferskriklike jier (1933) ferstoar hast de helte fan de befolking fan myn bertedoarp. Under de slachtoffers wiene ek twa susters en in broer fan ús heit'.
Tusken augustus 1942 en jannewaris 1943 wie it doarpke beset troch de Dútske Wehrmacht.
Oars
bewurkje seksje15 kilometer fan Privolnoje leit Krasnogvardeiskoje, it bestjoerlike sintrum fan it rajon, dêr't Michaïl Gorbatjov op de middelbere skoalle gyng. In plakette dêr betinkt de eardere president fan de Russyske Federaasje.