Brezjnev-doktrine

Brezjnev-doktrine, is de troch Leonid Brezjnev yn novimber 1968, nei de Russyske ynfal yn Tsjechoslowakije, formulearre stelling, dy't ynhâldt dat in kommunistysk lân it rjocht hat yn te gripen yn de ûntwikkelingen fan in oar kommunistysk lân, as de ferwurvenheden fan it sosjalisme yn it geding komme en beskerme wurde moatte.

De doktrine waard oankundige om de ynfal yn Tsjechoslowakije te rjochtfeardigjen dy't in ein makke oan de Praachske Maaitiid, mar sloech ek op eardere militêre yntervinsjes fan de Sowjet-Uny lykas dy yn Hongarije yn 1956. Dizze yntervinsjes hienen as doel in ein te meitsjen oan demokratisearingsûntwikkelingen yn it Eastblok dat troch de Russen as in essinsjele en strategyske definsive buffer sjoen waard tsjin de NATO.