Wysmar (Dútsk Wismar) is in Dútske havenstêd oan de Eastseekust yn de dielsteat Meklenburch-Foarpommeren. Yn it ferline wie Wysmar in Hânzestêd.

Wysmar
Nikolai-tsjerke
Nikolai-tsjerke
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Meklenburch-Foarpommeren
Sifers
Ynwennertal 44.397 (2010)
Oerflak 41,4 km²
Befolkingsticht. 1073 km²

Sweedske tiid

bewurkje seksje

Yn 1632 wurdt de havenstêd ynnommen troch Sweedske troepen en by de Frede fan Osnabrück komt Wysmar yn Sweedske hannen. Om de macht oer Wysmar waard regelmjittich fochten. Dêrom waard de stêd tusken 1672 en 1700 ferboud ta ien fan de grutste festings fan Europa. Nei de kapitulaasje tsjin Noardlike Alliearden yn 1716 moast de stêd op oantrún fan de Denen yn 1717 alle festingbousels ôfbrekke. Yn 1803 wurdt Wysmar yn Malmö foar de tiid fan hûndert jier oan it Hartochdom fan Meklenboarch ferpâne. Yn 1903 sjocht it Keninkryk Sweden ôf fan it opeaskjen fan it pân en dêrmei wurdt Wysmar foargoed yn it Gruthartochdom Meklenboarch opnommen. Yn it hjoeddeiske stedsbyld dogge yn Wysmar noch ferskate saken tinken oan de tiid, dat de Sweden foar master opsloegen.

Tinkstien "Cap Arcona"

bewurkje seksje

Benoardearsten Wysmar leit it eilân Poel. In tinkstien op it eilân jout omtinken oan de ramp mei it passazjiersskip Cap Arcona, neamd nei de noardlikste kaap op it eilân Rugen. Tusken 1946 en 1950 waard yn Schwarzer Busch in tinkstien foar de deaden fan de Cap Arcona makke. Dêrmei wurde de 28 oanspielde mar ferstoarne finzenen fan it konsintraasjekamp Neuengamme (neffens oare boarnen: fan it KZ Stutthof) betocht. De Cap Arcona wie in Dútsk passazjiersskip út 1927, dat op 3 maaie 1945 yn de Lubekker Bocht te sink brocht waard troch in bombardemint fan de Royal Air Force. Dêrby wie it de alliearden net dúdlik, dat it skip troch finzenen út konsintraasjekampen ynstee fan flechtsjende troepen bemanne waard.

 
Tinkstien op eilân Poel
  Meklenburch-Foarpommeren  
Landkreise

Foarpommeren-Greifswald - Foarpommeren-Rügen - Ludwigslust-Parchim - Mecklenburgische Seenplatte - Noardwest-Meklenburch - Rostock

Kreisfreie Städte

Rostock - Schwerin

  ·   ·