De Barbaratermen (Dútsk: Barbarathermen) wiene in grut Romeinsk badkompleks yn it doetiidske Augusta Treverorum, tsjintwurdich de Dútske stêd Trier. De Barbaratermen wiene it grutste termekompleks noardlik fan 'e Alpen.

Trierske Barbarathermen

Tegearre mei in tal oare monuminten steane de Barbaratermen sûnt 1986 op 'e list fan it UNESCO-wrâlderfgoed as de Romeinske monuminten, dom en Leaffrouwetsjerke yn Trier.

Augusta Treverorum

bewurkje seksje
 
Orizjineel diel fan 'e wetterlieding

De Barbaratermen waarden yn 'e twadde helte fan 'e 2e iuw boud. Yn dy tiid wiene der in soad bouaktiviteiten yn 'e stêd. Sa waarden doe ek in nije brêge, in amfiteater en in grut foarum oanlein. De termen oan 'e Feemerk wiene nei alle gedachten foar de groeiende stêd te lyts woarn en mei de nije Barbaratermen ûnstie der in kompleks fan 172 m by 240 m (42.500 m²). It rivierke de Ruwer moast oer in wetterlieding foar de tafier fan it wetter soargje.

Yn 'e tiid fan it ûnstean wiene de Barbaratermen it op ien nei grutste termenkompleks fan it Romeinske Ryk. Allinne de termen fan Trajanus yn Rome oertroffen wat oerflak oanbelanget de Barbaratermen.

It liket der op dat de Barbaratermen gjin lêst hân hat fan 'e Germaanske ynfallen yn 'e 3e iuw. Neffens de fynsten fan munten en keramyk waarden de termen noch oant it ein fan 'e 4e iuw brûkt. Pas yn 'e 5e iuw yn 'e tiid fan it Folkeferfarren rekken de termen troch de plonderingen bûten gebrûk en yn ferfal. Yn dy tiid waarden der wentes yn it kompleks boud, dy't de oarsprong fan 'e Trierske bûtenwyk Sint-Barbara foarmen.

Letter gebrûk

bewurkje seksje
 
De termen sa't dy yn 1548 fêstlein waarden (17e-iuwske gravuere)

Nei de Romeinske tiid waard it grutte areaal op ferskillende wizen brûkt. Njonken de funksje as stiengroeve fûnen der ek ferbouwings plak. Op it ministerialenskaai De Ponte (ek: Von der Brücke) binne in pear grutte midsiuwske bouwurken werom te fieren, dy't op in stedsgravuere fan Matthäus Merian en in tekening fan Alexandre Wiltheim út 1620 as ruïne te sjen binne. It binne de iennige ôfbylden fan dy gebouwen.

 
De Barbaratermen yn 1611

Sûnt 1611 leveren de Barbaratermen de stien foar de bou fan it nije Jezuïtenkolleezje yn Trier. De resten dy't oerbleaune waarden om strategyske redenen yn 1675 troch de Frânske generaal Vignory opblaasd om dêrmei in frij fjild om 'e stêd te meitsjen.

De termen krigen de namme fan Sint-Barbara. Mooglik stiene der mear tsjerken bûten de midsiuwske muorren op it grutte termenareaal. De lokaasje fan de tsjerke Sint-Marije ad Pontem is ûndúdlik, om 't dy yn 1675 troch Frânske troepen opblaasd waard. Yn dy tiid wie it al hiel gewoan om net al te sêftsinnich mei it antike erfskip om te gean. Keizer Maksimilaan I brûkte bygelyks al de noch yntakte boudielen fan de termen by de Trierske Ryksdei fan 1512 om kanonnen op te testen.

Nei in restauraasje fan 'e ruïnes waard it kompleks op 23 july 2015 weriepene foar toeristen. Oer in steiger kin it kompleks besjoen wurde, wêrfan it startpunt oan 'e Friedrich-Wilhelm-Straße leit. Der binne fierder gjin kosten om de termen te besjen en buorden op 'e rûte ynformearje oer de termen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Barbarathermen