Ministeriaal
In ministeriaal (fan it Latynske ministerialis dat "tsjinstman" betsjut) wie yn de midsiuwen yn it Hillige Roomske Ryk in persoan dy't fan in net frij komôf wie, mar dy't in wichtige funsje yn it bestjoer en leger tabetroud waard, sa as it behearen fan domeinen en it beweitsjen fan boargen. Hja hiene in eigen juridyske status (it tsjinstrjocht) en waarden tsjinstmanlju (Dútsk: Dienstmannen as Dienstleute) neamd. De ministerialen waarden in wichtich part fan de Dútske ridderoarder
De ministerialiteit ûntjoech him fan de alfde iuw ôf as in selsstannige beropsstân. De spoaren fan harren ûnfrije komôf waarden fan de tolfde iuw ôf wiske.
Yn lytsere fêstingsstêden yn de Dútske lannen, sa as Horstmar, Quakenbrück en Lübbecke bestie in bysûndere groep ministerialen. Dêr wennen, yn opdracht fan de lânshear, saneamde boarchmanlju. In boarchman, dy't immen fan lege adel wie, wenne yn in boarchmanshof. Dat is in fersterke en kastieleftich hûs, tichteby of oan de stedsmuorren. De boarchmanlju hiene de taak en ferdigenje de stêd yn it belang fan de lânshear. Yn in tal fan sokke stedsjes wiene der mear as tsien fan sokke boarchmanlju mei de byhearrende boarchmanshuzen. Hja wiene winliken de "lange earm" fan de lânshear yn de stêd. Hja fersterken de macht fan harren lânshear om ek in sit yn it stedsbestjoer te hawwen.
Yn de lette midsiuwen giene de ministerialen op yn de ridderstân, it stedspatrisiaat en de lânadel. In grut part fan de ridderstân kaam fuort út de ministerialen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|