Romeinske monuminten, dom en Leaffrouwetsjerke yn Trier
Under de titel Romeinske monuminten, dom en Leaffrouwetsjerke yn Trier (Dútsk: Römische Baudenkmäler, Dom und Liebfrauenkirche in Trier) falle in rige Romeinske en midsiuwske monuminten yn de Dútske stêd Trier.
De Dútske stêd Trier waard yn 'e earste iuw foar Kristus as Augusta Treverorum stifte. Om it jier 300 wie it de grutste stêd noardlik fan 'e Alpen en de residinsje fan 'e keizers fan it Westromeinske Ryk. Resten fan Augusta Treverorum binne oant de dei fan hjoed bewarre bleaun.
Yn Trier stiet ek de âldste tsjerke fan Dútslân, de Sint-Piterdom. Dêrnjonken stiet de Leaffrouwetsjerke, ien fan de earste goatyske tsjerken fan Dútslân.
Súdwestlik fan Trier stiet yn it doarpke Igel in Romeinske pylder, dy't ek ûnder de namme "Romeinske monuminten, dom en Leaffrouwetsjerke yn Trier" as wrâlderfgoed ynskreaun is.
Yn 1986 binne de Romeinske monuminten, de domtsjerke en de Leaffrouwetsjerke op de list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO set as "Romeinske monuminten, dom en Leaffrouwetsjerke yn Trier". Under dy monuminten falle: