Römerbrücke (Trier)

(Trochferwiisd fan Romeinske brêge (Trier))

De Römerbrücke, ek Alte Moselbrücke, is in Romeinske brêge oer de Mûzel yn Trier. It is de âldste brêge fan Dútslân.

Romeinske brêge.

Sûnt 1986 is de brêge ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed Romeinske monuminten, dom en Leaffrouwetsjerke yn Trier.

De earste Romeinske brêge oer de Mûzel wie in houten brêge op peallen. De peallen koene yn 1963 mei help fan dendrogronologysk ûndersyk datearre wurde en bestie sûnt it jier 18 of 17 foar Kristus.

De earste stiennen brêge waard 45 jier n.Kr. in lyts stikje fierder de stream ôf fan 'e hjoeddeiske brêge boud. As it wetter yn 'e Mûzel leech is kinne dielen fan 'e pylders fan dy brêge noch sjoen wurde.

 
De brêge op in skaalmodel fan Romeinske stêd.

De pylders fan 'e hjoeddeiske stiennen brêge waarden tusken 142 en 150 n.Kr. boud. De nije Romeinske brêge is de tredde brêge sûnt de stifting fan de stêd. Oan 'e kant fan de stream op hat de brêge spitse pylders om heechwetter en iisgong oan te kinnen. Op de massive pylders wie yn 'e Romeinske tiid in houten brêgekonstruksje boud, dy't sterk genôch wie om it ferkear, dat oer in 10 meter brede baan gie, te hâlden. Dy ferkearswei lei sa'n 14 m. boppe de Mûzel, sadat skippen harren mesten heech hâlde koene as sy de stream ôf sylden. Fanwegen de sterke stream moasten de sylboaten de stream op sleept wurde.

Oer de yn 'e midsiuwen ôfbrutsen brêgepoarte, de Porta Inclyta ('Ferneamde poarte'), wurdt oant hjoed-de-dei striid levere oer de fraach oan hokker kant fan de Mûzel dy stien hat. De Porta Inclyta like in soad op de Porta Nigra.

Alle njoggen brêgepylders binne oant de dei fan hjoed bewarre bleaun. Earder waard der tocht dat twa fan 'e njoggen pylders yn 1717-1718 fernijd waarden mar dat is net fan tapassing. De beide earste pylders oan 'e stedskant binne al by in ferbouwing yn 'e Romeinske tiid by it ferheegjen fan de wâl út it sicht rekke.

 
De brêge mei de yn 'e 19e iuw ôfbrutsen poarten.

Tusken 1190 en 1490, mooglik ûnder karfoarst Balduin (1307–1354), krige de brêge stiennen ferwulften. Yn 1689 waarden de ferwulften fan 'e brêge troch Frânske troepen opblaasd, mar yn 'e jierren 1716-1718 wer op 'e nij boud. By dy gelegenheid waard op de fyfte pylder in krúsbyld en in byld fan de hillige Nikolaas oanbrocht. Yn 1806 waard de westlike brêgepoarte ôfbrutsen en yn 1869 folge de eastlike poarte. De brêge waard yn 1931 ferbrede en krige doe ek it útstekkende diel foar fuotgongers.

Op de moarn fan 2 maart 1945 wisten de Amerikanen oer de net ferneatige Romeinske brêge yn Trier te kommen. Wêrom de Dútsers de brêge net opblaasden is net dúdlik. Neffens tsjûgen lei der al sa'n soad pún op de brege, dat de kabels foar it oanstellen fan de eksplosiven mooglik skansearre wienen.

Nei de Twadde Wrâldkriich folgen yn it ramt fan de kanalisearing fan 'e Mûzel argeologyske ûndersiken.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Römerbrücke (Trier)