Leaffrouwetsjerke (Trier)

De Leaffrouwetsjerke Dútsk: Liebfrauenkirche) yn 'e Dútske stêd Trier stiet njonken de Sint-Piterdom yn it sintrum fan 'e stêd. Tegearre mei de Elisabethtsjerke fan Marburg is it de âldste goatyske tsjerke fan Dútslân en de wichtichste en ierste goatyske sintraalbou fan it lân.

Leaffrouwetsjerke
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Trier
adres Liebfrauenstraße 2
koördinaten 49° 45' N 6° 38' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdom Trier
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 1227-1260
boustyl Gotyk
monumintale status UNESCO-wrâlderfgoed
Webside
Side parochy
Kaart
Leaffrouwetsjerke (Rynlân-Palts)
Leaffrouwetsjerke

Sûnt 1986 foarmet de tsjerke ûnderdiel fan de it UNESCO-wrâlderfgoed "Romeinske Boumonuminten, Dom en Leaffrouwetsjerke yn Trier".

Untstean en midsiuwen

bewurkje seksje
 
Leaffrouwetsjerke

Unbekend is op hokker datum der krekt útein set waard mei de bou fan 'e Leaffrouwetsjerke, mar neffens in letter oanbrochte tekst op in pylder yn 'e tsjerke soe it jier 1227 it begjin west ha en it jier 1243 it jier fan 'e foltôging. De bou fûn plak op de lokaasje fan út 'e tiid fan Konstantyn de Grutte boude dûbele tsjerkekompleks, dat fanwegen brekfalligens ôfbrutsen wurde moast. By de bou fan de Leaffrouwetsjerke waarden de fûneminten fan 'e eardere bou foar in part op 'e nij brûkt. Oan 'e bou wurken yn belangrike mate ek Frânske boumasters en keunstners. Yn Frankryk wie de gotyk yntusken al in hiel ein ûntwikkele en de Frânsen koene sa ek yn Dútslân harren ûnderfining mei de goatyske bou tapasse. It gebou wurdt troch tolve pylders droegen, likefolle as der apostels wiene.

Doe't it gebou yn 1243 foar likernôch de helte foltôge wie, droegen de jildboarnen fan it kapittel op. Faaks hie dat ek te krijen mei de dea fan aartsbiskop Theoderich te meitsjen, om 't dy de grutte gongmakker fan 'e bou wie. Pas nei in kollekte yn it bisdom Keulen yn 1243 koe der fierder wurke wurde oan 'e bou en om 1260 hinne wie de tsjerke klear.

Yn it jier 1492 krige de krusing fan de tsjerke in hege spits, dy't noch op âlde gravueres te sjen is. Op 2 july 1631 rekke dy spits lykwols by in swiere stoarm sa skansearre, dat er troch in skylddak ferfongen waard. Dat dak ferbaarnde yn 'e Twadde Wrâldkriich, dat yn 1945 ferfongen waard mar pas yn 2003 is it yn 'e foaroarlochske foarm werom brocht.

 
Portaal

Nei alle gedachten ûntstie de rike fersiering mei byldhouwurk oan 'e westlike gevel en fral it westlike portaal tagelyk mei de bou. It timpaan lit yn 'e midden in troanende Madonna sjen mei oan har foet de draak, it symboal foar it kwea. Lofts fan har huldigje de trije keningen it bern op Marije's skurte. Rjochts dêrfan binne foarstellings fan Jezus yn 'e Timpel en de Bernemoard fan Betlehim. De bôgen binne fersierd mei ingels mei liturgysk reau. Dêrboppe steane de bylden fan biskoppen, tsjerkfaars, keningen en de bylden fan de wize en sleauwe jongfammen (Mattéus 25:1-13).

 
Madonna

Mooglik is it meast oansprekkende keunstwurk yn 'e tsjerke in troanende Madonna mei Bern yn 'e lêste kapel lofts nei it easten. It is in houten byld fan healwei de 14e iuw op in neogoatysk alter. It byld soe ôfkomstich wêze út de omkriten fan Ahrweiler.

De tsjerke waard troch it domkapittel brûkt om dêr alle dagen de misse te lêzen. Boppedat tsjinne de tsjerke as grêftsjerke en yn 'e rin fan 'e tiid stie de tsjerke groatfol mei grêven en monuminten. Yn 'e Frânske tiid waarden in soad grêven ferwidere, mar in in hiele rige grêfmonuminten is bewarre bleaun. Der binne ek grêven yn it museum fan Trier telâne kommen.

Nei de besetting fan Trier troch de Frânsen yn 1794 waard de Leaffrouwetsjerke yn 1803 organisatoarysk en liturgysk fan 'e domtsjerke skieden. Earder bestie der in nauwe relaasje tusken de twa njonken inoar lizzende tsjerken. Alle jierren wer fûnen in soad prosesjes fanút de dom nei de Leaffrouwetsjerke plak en ek no is der noch in trochgong, dy't de twa tsjerken meiïnoar ferbynt. Neffens in ferhaal soe de Leaffrouwetsjerke troch de Frânsen ôfbrutsen wurde, mar wist de boargemaster Napoleon te oertsjûgjen om it masterwurk fan Frânske arsjiteken net te ferneatigjen. De tichtebylizzende Sint-Laurentiustsjerke waard lykwols wol ôfbrutsen en sûnt waard de parochy nei Us-Leaffrouwe en Sint-Laurentius ferneamd. It mienskiplike portaal waard tichtmitsele, mar yn it ramt fan 'e beafeart nei de Hillige Tunyk yn 'e jierren 1950 wer iepene.

Tusken 1859 en de jierren 1890 fûn in fasearre restauraasje plak. Om de tsjerke safolle mooglik yn 'e midsiuwske steat werom te bringen, waard it barokke meubilêr ferfongen troch neogoatysk meubilêr. It neogoatyske heechalter waard troch de Keulske domboumaster Vincenz Statz boud. De alterskilderijen wiene fan Bruno Ehrich en Wilhelm Döring. Boppe it westlike portaal waard in neogoatyske oargelgalerij ynboud en de finster krigen nije glês-yn-leadramen.

Nei de Twadde Wrâldoarloch

bewurkje seksje
 
De skeinde tsjerke nei 1945

Nei de skea troch de bombardeminten yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard de tsjerke fan 1946 oant 1951 wer restaurearre. Njonken de dakken moasten fral grutte dielen fan it muorrewurk, it maaswurk fan 'e finsters en in soad bylden fernijd wurde. By de werbou waard yn ien fan 'e treptuorren in ynmitsele plattegrûn út 'e boutiid werom fûn. Yn it midden waard in nije alterromte oanlein en dêrmei rûn de Leaffrouwetsjerke op de feroarings troch it Twadde Fatikaanske Konsylje yn 'e jierren 1960 yn't foar. Mei it nije alter waarden ek ferskillende keunstwurken út de 19e en iere 20e iuw ferwidere, lykas it heechalter. De tsjerke krige as ferfanging fan de ferneatige ramen út 1860 nije ramen neffens in ûntwerp fan Jacques Le Chevallier en Alois Stettner. It tabernakel en de baldakyn dêrboppe waard troch de Keulske keunstner Hein Wimmer ûntwurpen en makke. Dat jilde ek foar in krúsifiks, dy't lykwols net mear yn 'e tsjerke hinget.

 
Ynterieur

Yn 1951 krige de tsjerke fan 'e paus de status fan basilica minor. De reden dêrfoar wie de fernijing fan 'e alterromte yn 'e tsjerke. Yn it jier 1986 waard de tsjerke mei oare monuminten fan 'e stêd opnommen yn de list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.

It westlike portaal krige yn 1992 wer nije bylden. Foar in diel binne it ôfjitsels fan 'e âlde bylden dy't no yn it besit fan it museum binne. De al folle langer ûntbrekkende bylden waarden troch nije kreaasjes fan 'e byldhouwers Theo Heiermann, Elmar Hillebrand en Guy Charlier ferfongen. Oan 'e lofter kant steane Petrus, Adam en Ecclesia mei in tsjelk, in midiuwske symboalyske foarstelling fan it Kristendom mei de tsjelk as it teken fan it Nije Bûn. It byld fan Synagoge oan 'e oare kant is it symboal fan it Alde Bûn, it joadedom. Hja hâldt yn 'e iene hân de tafels fan 'e Wet en yn 'e oare hân in stikkene skepter as teken dat it Kristendom troch it Nije Bûn de rol fan it joadedom oernommen hat. Hja draacht in blyndoek en keart har fan de njonken har steande Jehannes mei syn evangeelje ôf. It nije byld fan Sint-Piter hâldt hjir gjin kaai, mar lykas beskreaun yn Lukas 5:6-10 as fisker fan 'e minsken in fisknet yn syn hân. It lêste byld is fan Eva.

Nei in grutte restauraasje tusken 2008 en 2011 waard de Leaffrouwetsjerke op 4 septimber 2011 wer iepene. By de restauraasje waarden de oarspronklike kleuren fan it ynterieur wer ûntdutsen en dy kleuren binne yn ien fan 'e kapellen wer rekonstruearre om sjen te litten hoe't de tsjerke eartiids west hat. Ek in tal keunstwurken út de 17e oant de 20e iuw, dy't foar in part noch spoaren hiene fan'e skea yn 'e Twadde Wrâldoarloch, binne wer restaurearre.

 
Beskildering ferwulft

Oant yn 'e Twadde Wrâldoarloch stie op de neogoatyske oargelgalerij boppe it westlike portaal in oargel út 1843, dat troch Heinrich Wilhelm Breidenfeld boud wie. It ynstrumint hie 32 registers op twa manualen en pedaal. Dat ynstrumint koe nei de skea yn 'e oarloch net mear restaurearre wurde. Om't ek de neogoatyske galerij by de renovaasje ferwidere waard moast der nei in oar plak foar it nije oargel socht wurde. It doel wie om in haadoargel oan 'e súdlike kant op 'e flier fan 'e tsjerke del te setten en noch in twadielich koeroargel ta te foegjen. It haadoargel waard lykwols nea foltôge en bleau hiel lang sa stean. Ek it koeroargel waard net sa grut as ynearsten it doel wie en waard yn 1951 mei 15 registers op twa manualen en pedaal ynwijd. De frijsteande spyltafel wie lykwols al mei trije manualen útrist om it nog út te wreidzjen haadoargel skielk mei oan te spyljen. Yn it ramt fan 'e lêste renovaasje waard ek it oargel meirestaurearre. It ynstrumint krige in nije, twamanualige spyltafel, dy't no ferbûn is mei it twadielige koeroargel en oer it tsjerkenetwurk op ferskillende plakken yn 'e tsjerke opsteld wurde kin.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Liebfrauenkirche (Trier)