Mei it Nije Bûn (Hebriuwsk: ברית חדשה; Gryksk: διαθήκη καινή) wurdt de nije relaasje tusken God en de kristenen ornearre. Foar it Nije Bûn oer stiet it Alde Bûn, it bûn dat God mei de joaden yn 'e tiid fan Moazes ynstelde.

It is de bibelske ynterpretaasje fan in tekst yn it boek fan 'e profeet Jeremia út de Hebriuwske bibel (of it Alde Testamint):

Der komt in tiid, dat Ik mei it folk fan Israel en mei it folk fan Juda in nij bûn slút. Dat sil net sa wêze as it bûn dat Ik mei har foarâlden sletten ha, doe't Ik har by de hân krige om har út Egypte wei te heljen. Dat ferbûn (...) hawwe hja fan har kant ferbrutsen (...). Mar it bûn dat ik mei har nei dizze dagen slút, is sà (...): Ik set myn wet yn har binnenst, dan wurd ik har God en hja wurde myn folk. Dan hoecht de iene de oare net mear te learen: 'Tink derom, datst de Heare kinst'; allegearre, fan 'e heechsten oant de leechsten ta, sille my kenne. Want Ik ferjou har wat hja misdien ha, en har sûnder tink Ik net mear oan (Jeremia 31::31-34).

Oer it generaal leauwe kristenen dat it ûnthjitten Nije Bûn ynsteld waard by it Lêste Nachtmiel as ûnderdiel fan 'e Eucharisty, wêrta yn it Evangeelje fan Jehannes ek it Nije Gebod heart.

En dêrom is er Middeler fan in nij testamint. Syn dea wie de ferlossing fan 'e sûnden dy't ûnder it earste testamint begien wienen. Sa soene sy dy't roppen wienen, it ivige erfskip krije dat har tasein is. Dêr't in testamint is, moat ommers de dea fan in erflitter fêststeld wurde. Want, sil in testamint jilde, dan moat hy dêr't fan urven wurdt, earst stoarn wêze. Salang't dy noch yn libben is, jildt dat ommer nea (Hebreeërs 9:15-17).

Nei oanlieding fan dy wurden yn Hebreeërs leauwe de measte protestanten dat it Nije Bûn pas yngie mei de dea fan Jezus Kristus. Ek katoliken leauwe dat Kristus de erflitter is troch wa syn dea syn wollen útfierd wurdt. Kristenen leauwe dus dat Jezus de Middeler is fan it Nije Bûn en hja leauwe ek dat it bloed fan Kristus, dat by de krusiging fergetten waard, it iennige bloedoffer is dat troch it bûn eakse wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.