Igel
Igel is in plak yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak leit súdwestlik fan Trier op de lofter igge fan 'e Mûzel.
Igel | ||
Pylder fan Igel | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.076 (2021) | |
Oerflak | 7,31 km² | |
Befolkingsticht. | 284 ynw./km² | |
Hichte | 164 m | |
Oar | ||
Koördinaten | 49° 42' N 6° 32' E | |
Offisjele webside | ||
gemeinde-igel.de | ||
Kaart | ||
Bestjoerlike yndieling
bewurkje seksjeIgel is in Ortsgemeinde fan it gemeenteferbân Trier-Land, dat ûnderdiel foarmet fan 'e lânkring Trier-Saarburg.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- De Pylder fan Igel is in 23 meter heech Romeinsk grêfmonumint en ien fan 'e monuminten fan it UNESCO-wrâlderfgoed Romeinske monuminten, dom en Leaffrouwetsjerke yn Trier.
- De âlde Sint-Dionysiustsjerke fan Igel is in barokke tsjerke út 1758-1759 mei in 12e-iuwske romaanske toer.
- Oan 'e Trierer Straße 30 stiet in foarname hearepleats mei hoektuorkes, dy't op de 17e iuw werom giet.
- It Grutenhäuschen west fan it doarp is in foar part rekonstruearre 3e-iuwske Romeinske grêftimpel.
- Tusken Igel en Wasserliesch lizze de resten fan de Hindenburgbrêge. De brêge út 1912 waard tsjin it ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch troch de Wehrmacht opblaasd en net wer opboud.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Igel fan Wikimedia Commons. |