Maksimianus
Maksimianus, folút yn it Latynsk Marcus Aurelius Valerius Maximianus Herculius (sa. 250 - july 310) wie in Romeinske keizer fan maitiid 286 oant 1 maaie 305.
Opgong
bewurkje seksjeMaksimianus waard nei alle gedachten berne om-ende-by 250 yn Sirmium, tsjintwurdich Sremska Mitrovica, in plak yn Servje. Hy makke opgong yn it leger en wie befreone mei Diokletianus. Hy tsjinne yn de legers fan ûnder oare Aurelianus, Probus en Karus. Maksimianus wie troud mei Eutropia, en sy hienen twa bern: Maksentius en Fausta. In oare dochter, Theodora, wie mooglik in styfdochter.
Meikeizer fan it Westen
bewurkje seksjeDoe't Diokletianus yn 284 keizer waard fan it Romeinske ryk wie dizze keizer fan betinken dat it ryk te grut wie om allinnich te bestjoeren en beluts dêrom syn freon Maksimianus by it bewâld. Hy joech him earst de titel fan Caesar en in jier letter makke hy him meikeizer fan it westen. Diokletianus bleau sels it easten bestjoeren. Yn 293 kamen der noch twa Caesars by om harren te stypjen, nammentlik Galerius en Konstantius Klorus, mar ek om harren yn de takomst op te folgjen. Dizze liederstruktuer wurdt de Tetrargy neamd.
Konstantius hie ûnder Maksimianus in wichtige oanfierder fan it leger west, dy't in soad problemen oplost hie mei de ynfallen fan de Germanen en de oproer fan de Noardseefleat, dy't ûnder lieding stie fan usurpator Karausius. Maksimianus wie sels ek aktyf as oanfierder, ûnder oare tsjin de Moaren yn Spanje en by Kartago.
Op 1 maaie 305 stoppen sawol Diokletianus as Maksimianus as keizer en kamen de twa Caesars der foar yn 't plak. Konstantius Klorus yn it westen en Galerius yn it easten. Foar Makimianus gie dat net hielendal frijwillich, mar op oantrunen fan Diokletianus swichte hy dochs.
Op 'e nij keizer
bewurkje seksjeMaksimianus koe lykwols net lang fan syn pensjoen genietsje. Yn 306 stoar keizer Konstantius Klorus en waard de soan fan Maksimianus, Maksentius op net legale wize ta keizer ferklearre. Maksimianus joech syn soan stipe en erkende him as keizer. De Keizer fan it easten Galerius wegere dat lykwols en stjoerde syn Caesar Severus II nei it westen om de usurpator te ferslaan. Maksentius ferklearre dêrop syn heit ta meikeizer.
Op 'e nij keizer hie Maksimianus wol yn 'e gaten dat grutte swierichheden op komst wienen en dêrom socht er bûnsmaten. Hy tocht dy fûn te hawwen yn Caesar Konstantyn dy't troud wie mei syn dochter Fausta. Lykwols woe Konstantyn net meiwurkje oan in boargerkriich en dêrop besocht Maksimianus syn eigen soan Maksentius fan de troan te stjitten yn 308. Dat mislearre lykwols, krektas in besiking om Diokletianus wer keizer wurde te litten.
Ein
bewurkje seksjeMaksimianus wie teloarsteld en gong nei syn skoansoan yn Galje. Dêr waard hy mei in protte respekt behannele, mar hy hie neat by him yn te bringen. Doe't de Franken yn 310 Galje ynfoelen en Konstantyn fuort moast om harren te ferjeien die er noch in besiking om it keizerskip fan Konstantyn te oerweldigjen. Konstantyn kearde lykwols gau werom en fersloech Maksimianus. Maksimianus wie tige lulk oer syn nederlaach dat er besocht om Konstantyn deadzje te litten. Doe dat mislearre omdat syn dochter de side fan har man keas, makke hy sels in ein oan syn libben.