Julius Nepos
Julius Nepos (sirka 430-480), wie de lêste legitime keizer fan it West-Romeinske Ryk. Hy regearre fan 474 oant 480, mar rekke it grutste part fan syn ryk kwyt troch in opstân fan it Romeinske leger yn 475. Allinnich yn Dalmaasje koed er him hanthavenje.
Keizerskip
bewurkje seksjeOpkomst
bewurkje seksjeJulius Nepos wie gûverneur fan de West-Romeinske provinsje Dalmaasje en troch famylje-relaasjes ferbûn mei de East-Romeinske keizer. Hy wie troud mei de nicht fan Leo I (sa kaam er oan syn namme: nepos hâldt neef yn), keizer fan it East-Romeinske Ryk en waard troch dizze op in bepaald stuit nei foaren skood as de nije keizer fan it Westen. Dat wie yn it tiidrek dat de oerbefelhawwer fan it West-Romeinske leger it feitlik bewâld hie oer it ryk en der marjonette-keizers op de troan sieten.
Mei in grut leger set Nepos yn 474 ôf nei Itaalje. Yn juny berikt er Ostia (de havenstêd fan Rome) en luts fierder op nei Ravenna, dêr't keizer Glyserius him oerjout en de feitlike hearsker, de Magister militum Gundobad troch Nepos foartendaliks ûntheft waard fan syn funksje yn it leger.
Yn namme wie Nepos keizer oer it hiele grûngebiet fan it eardere West-Romeinske ryk, mar feitlik hied er inkeld it bewâld oer de provinsjes Itaalje, Dalmaasje en parten fan it suden fan Galje. Hy besocht syn grûngebiet byinoar te hâlden en slagge dêr foar in part yn troch frede te sluten mei de Fisigoaten en harren kening Eurik. Hjirmei kearde Súd-Galje werom ûnder Romeinske kontrôle yn ruil foar inkele gebieten, dêr't Nepos toch al gjin sizzenskip mear oer hie. Underhannelings mei Geiserik, de kening fan it Fandaalske ryk mislearre lykwols. De Fandalen bleauwen Itaalje oanfallen mei piratenskippen.
Nepos wie yn alle opsichten de meast bekwame fan de lêste West-Romeinske keizers, mar hy wie net bjuster populêr by de Senaat. De Senatoren hienen in hekel oan him, omdat er goeie relaasjes ûnderhâlde mei it East-Romeinske Ryk. Nepos makke ien grutte flater dy't syn ûndergong wurde soe, hy beneamde de net betroubere Orestes as oerbefelhawwer fan it leger.
Delgong
bewurkje seksjeOp 28 augustus 475 griep Orestes de macht yn Ravenna en twong Julius Nepos op 'e flecht. Nepos koe in goed hinnekommen fine yn Dalmaasje en krige stipe fan it East-Romeinske Ryk. Sadwaande koed er him hanthavenje tsjinoer Orestes, dy't syn soan Romulus ferheft as nije keizer yn it Westen.
Al gau hawwe Orestes en keizer Romulus Augustulus sels te krijen mei opposysje as it Romeinske leger dat foar it grutste part út Germaanse fouderaty bestiet ûnder lieding fan Odoaker yn opstân komt. As Odoaker op 4 septimber 476 de haadstêd Ravenna ynnimt (en dêrby Orestes deadet en Romulus ôfset) ferklearret hy himsels ta kening fan Itaalje en siket kontakt mei de East-Romeinske keizer Zeno dêr't er in fredesferdrach mei slút. Hy giet der mei akkoard dat Nepos keizer fan it West-Romeinske ryk is.
Lêste jierren
bewurkje seksjeDat akkoard hâlde lykwols net lang stân. Nepos makke plannen om de kontrôle oer Itaalje werom te krijen, mar noch foar't er syn plannen útfiere koe, waard er op 25 april 480 fermoarde troch syn eigen soldaten. Fuort dêrnei falt Odoaker Dalmaasje binnen en ferslaat it lêste offisjele West-Romeinske leger, dat ûnder leiding stie fan generaal Ovida op de 9e desimber. Sadwaande waard Dalmaasje in part fan it keninkryk fan Odoaker.