Seno (keizer)
Seno (Latyn: Flavius Zeno; sa. 425 – 9 april 491), ek wol neamd Seno de Isaurjer, berne as Tarasicodissa, wie keizer fan it East-Romeinske Ryk fan 9 febrewaris 474 oant syn dea op 9 april 491 (mei ûnderbrekkings).
Skiednis
bewurkje seksjeSeno wie in haadling fan de Isaurjers, in striidber folk dat earder wenne yn it gebiet om de tsjintwurdige stêd Adana yn Turkije. Alhoewol’t it folk al in skoft diel útmakke fan it Romeinske Ryk, wienen sy altiten rûch bleaun. Under keizer Leo I hienen de Isaurjers in wichtige posysje krigen yn de haadstêd Konstantinopel. Sy waarden brûkt as tsjinwicht tsjinoer de grutte ynfloed fan de Goaten en Alanen yn dy tiid.
Seno boaske mei Ariadne, de dochter fan Leo I, en krige twa soannen: Leo en Seno. Hy soe syn soannen beiden oerlibje. Leo II, soe tenearsten de opfolger wurde fan keizer Leo I. Hy waard tegearre my syn heit keizer fan it easten. Mar doe’t Leo II yn febrewaris 474 ferstoar bleau syn heit allinne oer as keizer.
Mei Seno kamen de Isaurjers op de troan en dat joech oanlieding ta ûnderlinge striid. Oare haadlingen ûnder de Isaurjers woenen ek ynfloed hawwe, wylst de Byzantinen fan harren ôf woenen. Sa kaam it dat al trije moanne nei de dea fan Leo II, ZSno fan de troan ferdreaun waard troch Ferina (de frou fan Leo I) mei har broer Basiliskus. Seno flechte nei Isaurje, wêr’t hy earst ek noch oanfallen waard troch Illus, in Isaurjer dy't him ferbûn hie mei Basiliskus. Dizze Illus soe lykwols letter Seno wer helpe de troan werom te krijen. Yn augustus 476 kaam Seno as keizer werom. Ferina besocht letter noch in pear kear om Seno te fermoardzjen, (tegearre mei wer Illus, dy't sy yn 476 nota bene noch besocht hie te fermoardzjen), lykwols sûnder sukses. Yn 484 hie Seno ek te krijen mei Leontius as tsjinkeizer.
Fanwege al dizze problemen koe Seno him kwealik bemuoie mei it westlike part fan it Romeinske ryk. Hy stipe Julius Nepos, in neef fan Leo I as keizer yn it westen oant syn dea yn 480, mar doe hie Nepos feitlik al gjin macht mear oer it grutste diel fan it West-Romeinske ryk. Wol hat er al it mooglike dien om de opstanneling Orestes mei syn soan Romulus Augustulus tsjin te wurkjen. Dêrby sluet hy in pakt mei de oanfierder fan de Germanen yn it Romeinske leger yn Itaalje Odoaker, dy't tsjin Orestes yn opstân kaam. Hy gong der mei akkoard dat Odoaker himsels ta kening beneamde yn Itaalje en dat der gjin nije keizer yn it westen kaam. Nei it ôfsetten fan Romulus Augustulus yn 476 en de dea fan Nepos yn 480 wie Seno de ienige keizer fan it Romeinske ryk, dat feitlik allinnich noch út it easten bestie.