Gallo-Romeinske Ryk

It Gallo-Romeinske Ryk of Gallysk keizerryk (Latyn: Imperium Galliarum) wie it gebiet dat ûnder kontrôle stie fan in rige opstannige keizers ynset troch Postumus yn 260 tidens de Romeinske krisis fan de 3e iuw. Under de Romeinen hat sa'n ryk in oantal kearen bestien, foar de lêste kear troch Aegidius yn 461 doe't de Romeinske macht yn Galje yn it ôfgean wie.

Gallyske keizerryk (260-274)

bewurkje seksje
 
Gallyske Ryk (260-274)

It ryk omfieme by de earste ôfskieding oant en mei 274, de trije Gallyske provinsjes, de twa Germaanske en Brittanje. De provinsjes fan Spanje makken yn it begjin ek part út fan dit ryk. De earste Gallyske keizer Postumus fêstige yn Trier syn haadstêd.

Op de neifolgende list steane de Gallo-Romeinske keizers.

Gallyske usurpators

bewurkje seksje

It Gallo-Romeinske ryk einige doe Tetrikus I en syn soan harren (frijwillich) oerjoegen oan keizer Aurelianus. Dêrnei soe it noch in oantal kearen barre dat der yn Galje op 'e nij in ûnôfhinklik ryk ûntstean soe, faak as gefolch fan usurpaasje troch in legerlieder. Guon fan dizze keizers binne deryn slagge om fanút Galje de allinnich hearskippij te krijen fan it hiele Romeinske ryk, de measten lykwols koenen harren mar tydlik handhavenje en waarden úteinlik ferslein.

In list fan Romeinske keizers dy't yn Galje in machtsbasis hienen:

Gallo-Romeinske Ryk (461-486)

bewurkje seksje
 
Gallia Lugdunensis

As lêste wie der yn de Gallyske provinsje Gallia Lugdunensis, in Gallo–Romeinsk ryk stiften troch Aegidius, in Romeinsk generaal dy't him yn 461 ôfskiede fan it ryk. Dit Gallyske ryk waard stadichoan omkringe troch Germaanske keninkriken. De lêste Gallyske hearsker stie bekend as Rex Romanorum ('kening fan de Romeinen'). Yn 486 waarden de Gallo-Romeinen ferslein troch Klovis, en waard harren ryk tafoege oan it Frankyske ryk.

In list fan de Gallo-Romeinske hearskers fan dit ryk: