Eugenius
Flavius Eugenius (? - 6 septimber 394) wie Romeinsk keizer yn it westen fan 22 augustus 392 oant 6 septimber 394. Omdat er gjin inkeld rjocht op de troan hie en net erkend waard troch keizer Theodosius I, dy't yn it easten alle macht hie, wurdt hy meastentiids in usurpator neamd.
Skiedinis
bewurkje seksjeEugenius wie ôfkomstich út in Romeinske famylje, en waard troch de machtige Frankyske generaal Arbogast op de troan setten. Einliks hie Arbogast alle macht yn hannen en wie Eugenius net mear as in Romeinske marionet dy't syn rezjym legitimearje moast.
Under it koarte keizerskip fan Eugenius waard it heidenske leauwen op 'e nij yn eare hersteld. Ferskate bouwurksumheden waarden yn gong set om âlde timpels fan Romeinske goaden wer goed te meitsjen, lykas it alter fan de goadinne Fiktoria yn de senaat.
Keizer Theodosius makke tariedings foar in Italjaanske ynvaazje en ferliet yn maaie Konstantinopel. Op 5 septimber kaam it ta in bluodderige fjildslach by de rivier de Frigidus dy't twa dagen duorje soe. De slach waard ferlern troch it leger fan Eugenius. Generaal Arbogastus die himsels tekoart en Eugenius waard finzen nommen en fermoarde op 6 septimber.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |