Publius Lisinius Egnatius Gallienus koartwei Galliënus (218 - septimber 268) wie keizer fan Rome fan 253 oant 268, wêrfan oant en mei 260 tegearre mei syn heit Falerianus I en yn 260 noch mei syn twadde soan Saloninus.

Buste fan Galliënus, yn Museum du Cinquantenaire, Brussel

De heit fan Galliënus, Falearius kaam út in âld patrisysk laach gens Lisinia en beiden waarden troch de Romeinske senaat mei in soad entûsjasme binnenhelle as Augusti (keizers, letterlik ferhevenen).

Galliënus wie troud mei Julia Kornelia Salonina, en krige trije soannen by har: Falerianus II, Saloninus en Marinianus.

It tiidrek dat Galliënus keizer wie stiet bekend as ien fan de roerichste út de Romeinske skiednis. Nettsjinsteande alle swierrichheden dêr't hy mei te krijen hie, útien rinnend fan opstannen troch tsjinstanners, oanfallen fan bûten, famyljeleden dy't fermoarde waarden, slagge hy deryn him santjin jier steande te hâlden oant hy sels fermoarde waard yn 268.

Yn 253 waard Galliënus keizer, neidat Aemilianus yn in fjildslach troch syn eigen soldaten fermoarde waard en de senaat syn heit as opfolger beneamd hienen.

Hy krige de twifeleftich eare dat ûnder syn bewâld de measte usurpators wienen fan hiel de keizertiid. Ien fan dizze usurpators Postumus, stifte sels in eigen ryk, mei senaat en al: it Gallo-Romeinske ryk. Dat ryk soe sels yn stân bliuwe fan 260 ôf (nei de moard op Saloninus) oant 274, doe't Tetrikus I en II harren oerjoegen oan keizer Aurelianus.

Bûten al dizze troanpretendinten hie Galliënus te stellen mei diverske barbaarske folken oan de grins fan it ryk dy't nochal aktyf wiene mei ynfallen. En it koe der ek noch wol by dat syn heit yn it easten fan it ryk finzen nommen waard troch de Perzen en yn 260 deade.

Om it folk fan Rome net folle fan dizze problemen merkbite te litten, fierde Galliënus in wiidweidige propagandakampanje. Hy wie dêr tige súksesfol yn. Troch himsels op in grut tal munten ôf te byldzjen as fromme, dippere, oerwinnende en genedige keizer, en ek as beskermling fan in hiele rige goaden wist hy it folk oan syn side te hâlden.

Troch alle herfoarmingen hie Galliënus nochal wat tsjinstanners en yn septimber 268 waard hy dan ek ombrocht, as gefolch fan in gearspannen dêr't mooglik sawol Klaudius Gotikus as Aurelianus (syn opfolgers) by belutsen wienen. Nei syn dea hat Klaudius II him godlik ferklearre.

In protte eardere histoarisy hawwe Galliënus as in swakke keizer beskôge troch alle opstannen dy't ûnder syn bewâld plak fûnen. Lettere histoarisy hienen wol each foar de punten dêr't er him troch ûnderskiede. Hy sette nammentlik grutte feroarings op gong, sawol op militêr as op polityk mêd. Yn it leger waard troch him aparte legerienheden oprjochte dy't allinnich mar út ruters bestienen, sadat yn tiden fan opstannen it leger rillegau te plak komme koe (wat nochal noadich wie yn dy tiid). Ek brocht hy de macht fan de senaat in stik tebek, dêr't de beslútfoarming troch in stik effisjinter waard. In oar wichtich punt wie de oankundiging fan it edikt fan tolerânsje troch him yn 260. Dizze tolerânsje gou foar alle Kristenen yn it Romeinske Ryk en soe fjirtich jier lang yn stân bliuwe.

Keppeling om utens

bewurkje seksje