Klotarius I, ek Klotar neamd, (?, sa. 497 - Compiègne, 29 novimber 561) wie in soan fan Klovis I en Klotilde. Hy leit begroeven yn it troch himsels stifte Sint-Medardusabdij yn Soissons.

Kop fan Klotarius I, Musée municipal de Soissons.

Ferdieling fan it ryk

bewurkje seksje

Nei de dea fan syn heit waard it ryk opspliten tusken Klotarius en syn trije broers. Elkenien krige in keningstitel; Klotarius krige it oarspronklike wengebiet fan de Salyske Franken en it noardlike part fan Akwitaanje, mei Soissons as haadstêd.

Ferdieling Boergondyske keninkryk en it keninkryk fan Klodomer

bewurkje seksje
 
Munt mei Klotarius I dêrop

Yn 523 / 524 foel Klotarius mei syn broers Klodomer en Gildebert I it Keninkryk Boergonje binnen, derta oansetten troch harren mem dy't noch in persoanlik skeel mei it Bourgondyske keningshûs hie. De Boergondyske kening sneuvele mar in broer fan him Godomar organisearre it ferset en slagge derby Klodomer te deadzjen. De frou fan de Boergondyske kening, Gunteuka moast twongen mei Klotarius te boasken.

Gildebert I en Klotarius woenen it keninkryk fan Klodomer ûnder inoar ferpartsjen mar wienen benaud dat syn soannen harren erfdiel opeaske soenen. Dêrom lokten sy harren neven wei fan Klotilde dy't har beppesizzers yn beskerming nommen hie. Hja twifelen oft sy harren deade soene of skeare "krekt as it gewoane folk" (los, lang hier wie it teken fan it keningskip) en opslute yn in kleaster, mar litte de kar úteinlik oer oan Klotilde. Hja stjoerden harren mem in boade, foarsjoen fan in skjirre en in swurd, mei de folgjende fraach: "...oft hja woe dat har beppesizzers mei skoaren hier it libben hâlden of, dat sy deade wurde soenen." Neffens de oerlevering antwurde sy, dat - as sy dan toch de troan net bestige soene - sy harren leaver dea seach as skoaren. Twa fan de neven waarden ombrocht, in tredde slagge deryn te ûntkomme, mar waard geastlike om oan syn omkes ûntkomme te kinnen. Klotarius en Gildebert ferparte no it besit fan Klodomer; Klotarius krige de omkriten fan Tours en Poitiers.

Yn 534 foelen Klotarius en Gildebert op 'e nij it keninkryk Boergonje oan. Diskear slagge sy deryn by Autun de Boergonden te ferslein en it hiele keninkryk te besetten. De Boergondyske kening Godomar waard ôfsettn. Klotarius ferwurf de gebieten om Grenoble, Die, Valence en Embrun.

Yn 531 ferovere Klotarius tegearre mei syn healbroer Teuderik I it keninkryk fan de Türingers. As syn part fan de bút naam Klotarius in twadde frou mei nei hûs mar it slagge him net ek in stik fan it lân oan syn besit ta te foegen. It grûngebiet kaam yn hannen fan Teuderik dy't ek in moardoanslach op Klotarius útfiere litten die, mar dat plan mislearre lykwols.

Om 535 rekke Klotarius yn oarloch mei syn boers Teuderik en Gildebert doe't dizze him oanfoelen. Hy waard slim yn it nau brocht mar syn broers setten úteinlik net troch en beëinige de kriich.

Yn 536 beset Klotarius de gebieten om Orange, Carpentras en Gap yn de Provence as dizze troch de Ostrogoaten opjûn wurde.

Mei syn broer Gildebert falt hy yn 541 it Spanje fan de Fisigoaten oan en belegeret Saragossa, mar sy moasten belies jaan en waarden troch de Fisigoaten tebekdreaun.

Hereniging fan it Frankyske ryk

bewurkje seksje

Nei in oantal jierren fan betreklike rust erft Klotarius alle Frankyske keninkriken fan syn broers as dizze sûnder bernleas ferstjerre.

Yn 555 komt Teudowald, kening fan Austraasje te ferstjerren. Klotarius giet gau in ferbyntenis oan mei syn widdo Waldrada en ferkriget sadwaande it keninkryk.

Yn 556 ûnderdrukt hy in opstân fan de Saksen en de Türingers en leit dizze folken in skatting op fan 500 runderen yn it jier.

Yn 558 erft klotarius it keninkryk fan Gildebert. Klotarius kin net ferhindere dat de Italjaanske gebieten dy't Teudowald en Gildebert earder oermastere hienen doe't it ryk fan de Eastrogoaten ynstoarten, wer ferlern giene. Mei de Longobarden slút er in bûnsmaatskip.

Yn 560 lit er syn opstannige soan Chramm mei syn gesin opslute yn in pleats yn Bretanje (dêr't er hinne flecht wie) en ferfolgens ôfbaarne. Hy docht dêrnei hjirfoar boete yn Tours.

Ferstjerren en ferdieling fan it ryk

bewurkje seksje
 
Ferdieling fan it Frankyske ryk nei de dea fan Klotarius

Yn 561 ferstoar Klotarius hommels neidat er by in jachtpartij koarts krigen hie. Syn ryk waard tusken syn fjouwer soannen ferdield: Sigebert I, Chilperic I, Charibert I en Guntramnus.

Chlotarius I hat mear as ien kear troud west:

  1. Guntheuca, widdo fan Chlodomer.
  2. Radegund fan Thüringen.
  3. Ingonda. Sûnt 517 wie se al de minnaresse fan Klotarius I. As se Klotarius I freget om in goede man foar har suster te finen, beslút dy dat der gjin betteren-ien wêze kin as hysels. Hy slút in polygaam houlik en lit de susters ek tegearre libje. Mem fan Sigebert I, Charibert I en Guntram.
  4. Aregonda (polygaam). Mem fan Chilperic I.
  5. Waldrada, in Langobardyske prinsesse, widdo fan syn efterneef Theudowald. Doe't de biskoppen beswier makken fanwege sibskip, hat hy har ferstjitten en mei hartoch Garibald I fan Beieren trouwe litten. Al is it ûndúdlik oft se werklik troud binne, Gregorius fan Tours fermeldt allinnich dat se mienskip hiene.
  6. Der hawwe noch inkele minnaressen west dy't net mei namme bekend binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar de refyzje fan it artikel yn juny 2009 is binne de Ingelske, Frânske en Dútske ferzjes fan Wikipedia brûkt.