Zaragoza

(Trochferwiisd fan Saragossa (stêd))

Zaragoza (Spaansk Zaragoza) is de op fjouwer nei grutste stêd fan Spanje. It is de haadstêd fan de provinsje mei de selde namme Zaragoza en fan de selsstannige regio Arragon. De stêd leit op 199 meter hichte, oan de rivier Ebro, yn in fallei mei in ferskaat lânskip mei bergen, bosken en woastinen. Yn de stêd wenje sa'n 660.895 minsken en yn de stêdekloft dêrom hinne nochris a'n 833.455 minsken. Dat komt del op mear as de helte fan de hiele befolking fan de regio. Zaragoza is fierders in wichtige yndustrystêd en hannelssintrum, ûnder mear troch har geunstige lizzing, sintraal tusken Barselona, Madrid, Bilbao, Valencia en it Frânske Toulouse.

Sicht op de Ebro en El Pilar
Dizze side giet oer de Spaanske stêd Zaragoza. Foar oare betsjuttings, sjoch: Zaragoza (betsjuttingsside).

Skiednis yn it koart

bewurkje seksje
 
Skilderij fan Velazquez: Zaragoza yn 1647

De stêd waard yn de 1e iuw f.Kr. stifte troch in Romeinske koloanje ûnder keizer Augustus en hiet yn dy tiid “Caesarea Augusta”. Nei de delgong fan it Romeinske ryk makke it in skoftlang diel út fan it ryk fan de Fisigoaten oant 712 de stêd oermastere waard troch de Moaren. Yn it tiidrek tusken 1018 en 1118 waard it destiidske "Cesaracosta" in saneamd "Taifakeninkryk" en de namme fan de stêd ferbastere ta it Arabyske "Saraqusta". De Taifariken ûntstienen yn de 11e iuw nei de fal fan it Kalifaat fan Cordoba en wiene ûnôfhinklike steaten. Saraqusta hie ferskate Moarske keningen, mar dêr kaam in ein oan yn 1110 doe't it Moarske ryk ferneatige waard troch de Almoraviden. Acht jierren letter kaam de stêd wer yn kristlike hannen, troch de oermastering fan Alfons I fan Arragon en waard ta haadstêd makke fan it Keninkryk Arragon. It namme ferwurde ta “Çaragoça”, wêr't Zaragoza fan ôfstamt.

Yn de Spaanske ûnôfhinklikheidsoarloch tidens de 19e iuw krige de stêd it swier te ferduorjen; sawol yn 1808 as 1809 waard "Çaragoça" belegere troch de troepen fan Napoleon, wêrby't in soad minsken troch honger en striid omkamen. De befolking naam ôf fan 55.000 nei amper 12.000. Pas nei 1865 rûn in befolkingstal wer op.

Nijsgjirrichheden

bewurkje seksje

Troch de iuwen hinne hat Zaragoza in protte hearskers hân en hawwe ferskate folken yn 'e stêd wenne. Yn de stêd binne moniminten en resten fan al dizze kultueren wêrom te finen. Nettsjinsteande it moaie histoaryske sintrum, heart de stêd net ta de meast besochte stêden fan Spanje.

De trije wichtichste monuminten fan Zaragoza binne:

  • El Pilar (De Pilar Katedraal)
  • La Seo/Catedral del Salvador (Katedraal)
  • La Aljafería (Paleis)
bewurkje seksje