Cuneris Petri

(Trochferwiisd fan Cunerus Petri)

Cuneris Petri, ek: Koen Pieters (Leuven, of mooglik Brouwershaven, sa. 1530 - Keulen, 15 febrewaris 1580) wie de lêste fan de twa biskoppen dy't it Bisdom Ljouwert (1559-1579) hân hat. Hy waard yn 1569 troch paus Pius V beneamd.

It Bisdom Ljouwert wie fanwege de Spaanske kening Filips II oprjochte, mei it doel de ketterij better de kop yndrukke te kinnen. It plan slagge lykwols net sa. De earste Ljouwerter biskop, Remigius Driutius hie syn sit, dy't him yn 1561 tawiisd waard, net besette kind omdat syn komst in soad ferset joech fan de Steaten fan Fryslân, de Deputearre Steaten en de geastlikheid yn Fryslân. It slagge Petri wol - stipe troch Laurens Mets, kommissaris fan Alva - Ljouwert te berikken. Hy festige him yn it Blokhûs.

De biskop sette ambysjeus út ein. Troch him waard feroardere dat yn alle tsjerken fan syn bisdom de foarskriften fan it Konsily fan Trente ôfkundige wurde moasten. Ek wijde er de katedrale Sint-Vitustsjerke op 'en nij; dy wie yn 1566 by de byldestoarm slim skansearre. Yn syn koarte episkopaat stjitte Petri lykwols hieltyd op mear ferset fan de reformaasje. Lang om let krige er ek de geastlikheid tsjin him. Yn 1576 keazen de Steaten-Generaal foar it Noarden in Oranjegesinde steedhâlder, twa jier letter waard de biskop oan de kant en fêst set. Op 31 maart 1580 waard de katolike godstsjinst ferbean. Petri ferliet de stêd yn 1579 en festige him yn Keulen, dêr't er noch gjin jier letter ferstoar.

Wurken bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: