Konsylje fan Trente

(Trochferwiisd fan Konsily fan Trente)

It Konsylje fan Trente (1545-1563) (Latyn: Concilium Tridentinum) wie it 19e oekumenyske konsylje mei as doel in andert te formulearjen op de Reformaasje, dy't op it grûngebiet fan keizer Karel V útbrutsen wie. Yn 1545 rôp paus Paulus III op oantrunen fan 'e keizer it konsylje byinoar.

Konsylje fan Trente.

It konsylje waard fan 1545 oant 1563 yn trije sittingsperioades (1545-1547, 1551-1552 en 1562-1563) en meiïnoar 25 sittingen holden yn 'e stêd Trento (ferâldere foarm: Trente), yn wat no noardlik Itaalje is.

Mei it konsylje fan Trente fersterke de Tsjerke de lear en de ynstitúsje. It gesach fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke waard fierder sintralisearre en troch de publikaasje fan in universeel Romeinsk kategisme en handliedings foar prysters, ûntstie der mear uniformiteit yn 'e Tsjerke. Ek moast der mear omtinken komme foar de teologyske oplieding fan amtsdragers, waarden misstannen oanpakt en waard der in kommisje oprjochte dy't wekke oer de ynhâld fan religieuze boeken. Dêrmei hie de Roomsk-Katolike Tsjerke genôch yn hannen om útein te setten mei de kontrareformaasje.

Yn 1517 wie it Fyfte Lateraansk Konsylje ôfsletten mei útstellen om de Roomsk-Katolike Tsjerke te herfoarmjen sûnder dat dy neitiid útfierd waarden. Yn itselde jier stelde Marten Luther syn dokumint op mei 95 stellingen oer de misstannen yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. Mei in soad oaren hope de reformator op in konsylje, mar Rome fielde dêr net in soad foar om 't Rome benaud wie dat it konsylje brûkt wurde soe om de biskoppen mear macht te jaan ta skea fan 'e paus en der wie boppedat in soad ûnrêst yn Europa. Yn 1527 plonderen bygelyks troepen fan Karel V, keizer fan it Hillige Roomske Ryk, Rome. Ek Karel V, dy't te krijen hie mei in religieus ferdield ryk, hope op in konsylje om sa de ienheid fan syn ryk te restaurearjen.

De opfolger fan Klemens VII (1523-1534), Paulus III (1534-1549) seach it belang fan in konsylje wol yn en woe dat konsylje yn Mantua hâlde. Keizer Karel V woe it konsylje lykwols yn syn ryk hâlde en om 't Trente net te fier fan Rome lei en oan 'e eask fan Karel V foldie, waard dêr yn 1545 it konsylje by inoar roppen. De lokaasje fan it konsylje yn it noarden fan Itaalje stelde ek kalvinistyske en lutherske waarnimmers noard fan 'e Alpen yn steat it konsylje by te wenjen.

Earste sitting (1545-1547)

bewurkje seksje

De earste sitting waard fral bywenne troch Italjaanske, Spaanske en Portegeeske fertsjintwurdigers. Oare lannen wienen sterk ûnderfertsjintwurdige. Foardat dekreten waarden fêstlein, fûnen der tusken biskoppen, kardinalen en keninklike fertsjintwurdigers diskusjes plak, nei't earder teologen en prysters foar tsjutting soargen. Allinne biskoppen, kardinalen en ôffurdigen fan keningen hiene stimrjocht.

Twadde sitting (1547-1562)

bewurkje seksje

Fanwegen militêre spanningen woe de paus it konsylje ferhûzje nei Bologna, mar dêr wie Karel V op tsjin om 't Bologna bûten syn ryk foel. Dêrom waard it konsylje in pear jier útsteld en pas ûnder paus Julius III wer byinoar roppen yn Trente. Yn 'e hope dat de protestanten en de katoliken wer wat by inoar komme soene, waard ek in protestantske delegaasje talitten. Mar al gau die bliken dat de partijen net ta inoar kamen. De twadde sitting einige dan ek yn in sterkere posysje fan 'e eigen oertsjûging, al waard der besletten ta yngreven herfoarmings om misstannen oan te pakken.

Tredde sitting (1562-1563)

bewurkje seksje

It konsylje waard ûnder paus Pius IV foar de tredde kear oproppen. It tredde konsylje lei tsjinstellings bleat mei oan 'e iene kant foarstanners fan feroaringen mei mear macht foar de biskoppen en de oare kant de paussinnigen, dy't der alles oan dienen om feroaringen oan it pauslike gesach op te kearen. It tredde konsylje gie benammen oer de praktyske ynrjochting fan 'e Tsjerke, fral op lokaal flak. Biskoppen moasten yn harren bisdom wenje (residinsjeplicht) en de bisdommen moasten kontrôles útfiere om misstannen bleat te lizzen. Ek waard besletten ta in ferbod op 'e hannel yn ôflaten.[1]

Besluten en útwurking

bewurkje seksje

Ta de belangrykste praktyske besluten fan it konsylje fan Trente hearre:

  • It ferbod op misbrûk fan ôflaten.
  • It ferbod op kumulaasje yn it biskopsamt, residinsjeplicht en neikommen fan it selibaat. Om it de adel lestich te meitsjen om harren jonge soannen oan profytlike tsjerklike amten te helpen, moast in biskop tenei teology studearre ha.
  • De oprjochting fan seminaarjes foar in bettere oplieding fan prysters
  • Ynfiering fan formele easken foar it sluten fan houliken: houliken wurde sletten yn bywêzigens fan in pryster en tsjûgen en fêstlein yn in houliksregister.
  • Prysters en biskoppen binne ferplicht om te preken en sa de parochianen te ûnderwizen.
  • Ienheid yn 'e liturgy troch in universele Romeinske kategismus en unifoarme hantliedings foar prysters. De Fulgata, de Latynske Bibeloersetting, wurdt foar roomsen de standertekst fan 'e Hillige Skrift.
  • It konsylje ûnderskreau op 'e nij de sân sakraminten (Luther erkende allinne de doop en it nachtmiel) en de tsjinwurdigens fan Kristus yn 'e eucharisty.

Net yn 'e foarm fan in beslút, mar wol as gefolch fan 'e útwurking:

  • It heechalter moast as liturgysk sintrum foar elkenien sichtber wurde. Dat hie fan gefolgen dat de measte midsiuwske doksalen yn tsjerken sloopt waarden.
  • It bewarjen fan it Hillich Sakramint fûn tenei plak yn it tabernakel fan 'e alters, sûnt de 19e iuw foar it measte yn it heechalter (oant de midsiuwen wie it wenst om it Alderhillichste yn in sakramintshûske yn 'e muorre of in nis te bewarjen).
  • Yn it skip waarden foar it earst banken set.
  • Yn 'e tsjerke waarden bychtstuollen yn it skip set.

De besluten fan it konsylje wiene der op rjochte om de Roomsk-Katolike Tsjerke foar it protestantisme oer te profilearjen. Dêrfandinne kin it konsylje beskôge wurde as it hert fan 'e kontrareformaasje. De besluten fan it konsylje ha ek hjoed-de-dei noch ynfloed op 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, al ha lettere konsyljes wol wat feroarings oanbrocht.

Op it konsylje waarden yn 126 stellingen ûnderdielen fan it protestantisme as dwaling beoardiele. Foar katoliken dy't fan 'e lear fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke ôfwike en dy punten ûnderskriuwe jildt ek hjoed-de-dei it Anathema Sit ("yn 'e ban is er"). Net alle kritykpunten fan 'e protestanten binne troch it konsylje fersmiten.

De Roomsk-Katolike Tsjerke slagge der mei it konsylje yn om de grutte morele en yntellektuele ynfloed te behâlden yn 'e lannen dy't doe noch trou oan Rome wiene. Fral it fêsthâlden oan 'e dogmatyske autoriteit fan Rome op terreinen wêryn't de Bibel net eksplisyt skriuwt, brocht in fierder ferlies fan gesach yn lannen dêr't de reformaasje taslein hie. Nei it Twadde Fatikaanske Konsylje ferbettere de relaasje mei de protestanten. Sa wurdt hjoed-de-dei de doop fan inoar erkend.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit is in foar in part in oersetting fan 'e Nederlânsktalige wikipedyside, sjoch foar boarnen en referinsjes op: nl:Concilie van Trente (ferzje 25 septimber 2024).