Aposteltsjerke (Keulen)
De Aposteltsjerke (Dútsk: St. Aposteln) is ien fan 'e tolve grutte romaanske basiliken yn 'e Dútske stêd Keulen. De trijeskippige tsjerke stiet yn 'e Keulske binnenstêd oan 'e Neumarkt.
Aposteltsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Noardryn-Westfalen | |
plak | Keulen | |
koördinaten | 50° 56' N 6° 56' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
aartsbisdom | Keulen | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 11e-13e iuw | |
boustyl | romaanske arsjitektuer | |
Webside | ||
st-aposteln.de | ||
Kaart | ||
De tsjerke stiet ûnder de soarch fan Förderverein Romanische Kirchen Köln.
Skiednis
bewurkje seksjeOp it plak soe al yn 'e 9e iuw in tsjerke stien ha. Wis is dat yn 'e 10e iuw der in stift oprjochte waard, wêrfan de tsjerke in ienfâldich gebou wie. Yn dy tiid stie de earste Aposteltsjerke noch bûten de besteande Romeinske stedsmuorren.
Oan it begjin fan 'e 11e iuw waard in grutte, nije tsjerke boud. Opfallend wie dat dy tsjerke nei it west ta rjochte wie, dus mei it koer en haadalter oan 'e westlike kant fan it gebou, wylst de measte tsjerken in eastlike oriïntaasje ha, dus dêr, wer't de sinne opgiet. Dêrmei folge de Aposteltsjerke mei oare tsjerken yn Keulen it grutte foarbyld, de Sint-Piter yn Rome, dy't oant hjoed-de-dei ek in westlike oriïntaasje hat. Fan dy tsjerke bleaune grutte dielen fan 'e bûtenmuorren fan it skip, it westlike dwersskip en dielen fan 'e muorren fan it middenskip bewarre.
Yn 1106 waard útein set mei de bou fan in nije stedsmuorre en sûnt 1180 oant fier yn 'e 13e iuw waard de stêd útwreide mei in noch folle langere stedsmuorre, wêrfan noch in pear fan 'e oarspronklik tolve stedspoarten bewarre bleaun binne. Tagelyk mei de stedsmuorre waard sûnt 1180 ek de Neumarkt oanlein, sadat Keulen njonken de besteande hannelsplakken by de haven oan 'e Ryn noch in hanneslplak krige.
Om 1150 hinne waard de tsjerke ferboud, dy't sawol it oansjen as ek de oriïntaasje fan it gebou feroare. Troch feroarings yn 'e liturgy wie in westlik koer net mear nedich en mei de nije oanlis fan 'e Neumarkt wie in grut plein ûntstien, sadat it winsklik waard om de tsjerke oan it eastlike diel fan it plein mear oansjen te jaan. Earst waard útein set mei de bou fan in nij westlik koer. De krypte fan it âlde Salyske westlike koer waard tichtsmiten en dêrboppe waard in 67 m hege toer boud. Mooglik makke in brân dy ferbouwing needsaaklik, mar it is ek mooglik dat ek sûnder dy brân de plannen al bestiene, om 't yn dy tiid Keulen ien grutte bouput wie en it wol net oan dat de Aposteltsjerke bûten al dy bouaktiviteiten holden waard.
Om it jier 1200 waard nei in bran yn 1192 mei de ferbouwing fan it eastlike ein útein set. It krekt foltôge klaverblêdkoer fan 'e Grutte Sint-Martinus ( Groß St. Martin) stie foar de nijbou model. Yn it noardlike klaverblêd koer is noch yn it boppeste diel in tichtmitsele doar te sjen, dy't yn 'e midsiuwen in tagong foarme nei de yn dy tiid noch besteande Romeinske muorre, dy't in ûnderdiel wie fan de muorre fan it stift.
Yn 'e Frânske tiid waard it Apostelstift yn it ramt fan 'e sekularisaasje opheft. De Straße Apostelnkloster betinkt hjoed-de-dei noch it stift dat der ea wie. De tsjerke rekke nei it opheffen fan it stift stadichoan yn it neigean en yn 1822 moast it gebou fanwegen brekfalligens sletten wurde. Al gau dêrnei fûn in restauraasje plak en tusken de jierren 1871 en 1891 in grutte restauraasje.
Nei de oarlochsskea fan 1942 oant 1944 waard yn 1957 in earste restauraasje ôfsletten. Yn 1961 folge in yngreven restauraasje fan it eastlike diel, dy't yn 1975 einige. De westlike krypte wie fan 1955 oant 1957 wer renovearre. Yn it ramt fan 'e weropbou waarden ek moderne details tafoege. Oan 'e súdkant waard bygelyks in aula yn 'e styl fan 'e jierren 1950 tafoege, dy't ynearsten as needtsjerke boud waard. De ferwulften waarden tusken 1988 en 1993 op 'e nij beskildere troch Hermann Gottfried.
Sûnt 1981 stipet de stifting Förderverein Romanische Kirchen Köln it ûnderhâld fan 'e tsjerke.
De ferwoastgings yn 'e Twadde Wrâldkriich
bewurkje seksjeKeulen waard yn 'e Twadde Wrâldkriich foar 95% ferneatige. Ek de Aposteltsjerke hat slim te lijen hân fan 'e loftoanfallen. De dakken, ferwulften, it noardlike sydskip en de boppeste dielen fan 'e toer waarden ferneatige. Oant 1957 folge de provisoaryske weropbou. Yn 'e jierren 1960 folge de weropbou fan it klaverblêdkoer yn 'e oarspronklike steat. De by de weropbou ûntdutsen krypte waard op 'e nij útgroeven en wer tagonklik makke. De hiele restauraasje duorre 40 jier. Op 18 septimber 1965 joech paus Paulus VI de tsjerke de status fan basilica minor.
Om 1900 hinne krige it ynterieur fan 'e tsjerke in byzantynsk ynterieur mei mozaïken en fresko's, dy't yn de oarloch ferlern gyngen en net rekonstruearre waarden. Mar ien mozayk fan 'e Goede Hoeder yn it westlik transept bleau bewarre. De muorren bleaune lang wyt, mar yn 'e jierren 1988-1993 waarden de ferwulften troch de keunstner Hermann Gottfried beskildere mei foarstellings út de Iepenbiering fan Jehannes. Gottfried brûkte net in soad kleur en syn stilystysk wurk is typysk 20-iuwsk. Oant op de dei fan hjoed binne syn beskilderingen noch altiten in striidkwestje.
Keunstwurken
bewurkje seksjeFan 'e tsjerkeskat is de 13e-iuwske Heriberttsjelk is meast weardefolle keunstwurk. Op de tsjerke binne de byltenissen fan 'e tolve apostels gravearre. By de tsjerkeskat hearre ek in 12e-iuwsk stiftssegel, in goatyske monstrâns út 1409, in houten krusifiks mei sulverbeslach en in ivoaren corpus út 1640. Fierders binne it neamen wurdich:
- Yn 'e noardlike apsis is in barok alterskilderij fan Johann Wilhelm Pottgießer dat it martlerskip fan de hillige Katarina foarsteld;
- Ut de yn 'e 19e iuw ôfbrutsen Needhelperskapel binne de fan ferskillende stilen makke, measst 16e en 17e iuwske bylden fan 'e 14 Needhelpers. De bylden binne yn 1898 en yn 1979-1983 restaurearre;
- In houten byld fan Kristus as de Man fan Smerten út 1450;
- In neogoatysk retabel mei in Madonna en Bern út 1500;
- In 19e-iuwske piëta;
- in 11e-iuwsk doopbekken.
- By de tagong fan 'e krypte steane de houten bylden fan Petrus en Paulus út 1761. De bylden wiene ûnderdiel fan it 1819 ôfbrutsen barokke heechalter.
Oargels
bewurkje seksjeDe tsjerke hat trije oargels. It lytste oargel is in yn 2015 boud kistoargel fan Josef Classen út Geilenkirchen, dat yn 'e krypte stiet. Yn 'e tsjerke stiet njonken in koeroargel út 1989 ek it grutte haadoargel yn it westlike koer út 1996.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Byld Kristoffel
-
Man van Smarten
-
Piëta
-
Doopbekken
-
Byld Sint-Piter
-
Byld Sint- Paulus
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:St. Aposteln
|