Meertens Ynstitút
It Meertens Ynstitút (MY) yn Amsterdam is in ûndersyksynstitút fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen (KNAW).
Op it MY wurdt ûndersyk dien nei taal en kultuer. De twa ôfdielingen binne: Nederlânske etnology, rjoche op lânseigen en lânsfrjemde kultueren yn Nederlân en harren ynteraksje, en Fariaasjelinguïstiek, rjochte op taalstruktuereel-, dialektologysk- en sosjolinguïstysk ûndersyk nei taalfariaasje yn it Nederlânsk yn Nederlân, mei in klam op grammatikaal en nammekundich ferskaat. De ûndersiken binne tsjintwurdich fral op dizze tiid oriëntearre: der wurdt socht nei in ferbân mei it hjoeddeiske mienskiplik libben en aktuele ûntjouwingen.
Skiednis
bewurkje seksjeIt Ynstitút ûntstie op 1 jannewaris 1948 troch it fearfoegjen fan it Dialekteburo fan de KNAW mei it Buro foar Folkskunde en it Buro foar Namekunde. De sekretaris fan de trije buro's, P.J. Meertens, waard de earste direkteur, oant syn pensjonearring yn 1965. Yn 1979 waard it ynstitút werneamd ta P.J. Meertens-Ynstitút.
It hat model stien foar Het Bureau yn de romanrige fan J.J. Voskuil, dy't dêr sels jierrenlang wurke (1957-1987).
Sûnt 1998 is de namme Meertens Ynstitút.[1] By it ynstitút is sûnt 2001 ek it sekretariaat fan it SIEF, it International Society for Ethnology and Folklore, ûnderbrocht.
It Ynstitút wie oant 1969 fêstige yn de eardere Anna Visscherskoalle yn de Nieuwe Hoogstraat yn Amsterdam. Dêrnei siet it oant 1998 oan de Keizersgracht 569-571 yn deselde stêd. Yn 1998 ferhuze it nei it eardere pân fan Coca-Cola oan de Joan Muyskenweg 25, njonken it metrostasjon Overamstel. Sûnt oktober 2016 nimt it, tegearre mei it Huygens Instituut en it Ynternasjonaal Ynstitút foar Sosjale Skiednis, ek diel yn it Humanities Cluster, in gearwurkingsferbân binnen de KNAW. It Meertens Instituut is tegearre mei it Huygens Instituut húsfeste yn it Spinhuis oan de Oudezijds Achterburgwal 185 yn Amsterdam. De biblioteek en lêsseal binne no fêstige yn it East-Yndysk Hûs en op de souder fan it Bushûs op de Kloveniersburgwal. In part fan de biblioteekkolleksje en alle argiven en kolleksjes binne opslein yn de depots fan it Ynternasjonaal Ynstitút foar Sosjale Skiednis oan de Cruquiuswei.
Feitebanken
bewurkje seksjeIt Meertens Ynstitút hat in oantal iepenbiere databanken:
- Beafeart en Beafeartsplakken yn Nederlân (BiN),
- Nammen en Namekunde yn Nederlân,
- Nederlânske Famyljenammen Databank (NFD),
- Plantenammen yn de Nederlânske Dialekten (PLAND),
- Nederlânske Lietebank fan it Dokumintaasje- en ûndersykssintrum (DOC) fan it Nederlânske liet,
- Nederlânske Folksferhalebank fan it DOC Folksferhaal.
Direkteuren
bewurkje seksjeNamme | Perioade |
---|---|
Piet Meertens | 1948-1965 |
Dick Blok | 1965-1986 |
Jaap van Marle | 1986-1997 |
Hans Bennis | 1998-2016 |
Antal van den Bosch | 2017-2022 |
Inger Leemans | 2022-2024 |
Marianne de Laet | 2024-no |
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|