Warber Fryslân is in stifting, dy't yn maart 2008 oprjochte is om foarm jaan te kinnen oan de winsk fan guons mei ideeën oer it stypjen fan it Frysk. It is in ideologyske en selsstannige organisaasje dy't projekten yn eigen tiid en fergees útfierd. It doel fan de stifting is: It stimulearjen fan it brûken fan de Fryske taal en dan benammen rjochte op de Fryske bern.

It earste projekt fan Warber Fryslân is it meitsjen fan in kompaktskiif mei Frysktalige ferskes foar Sinteklaas. Op dy skiif steane 10 besteande ferskes dy't oersetten binne út it Hollânsk. Ek steane der 11 nije ferskes op dy't skreaun binne troch û.o. Piter Wilkens, Doede Veeman, Gurbe Douwstra, Meindert Talma, Remon de Jong, Fokke Miedema, Adri de Boer en Hindrik van der Meer.

Yn 2009 waard oan it Sinteklaasprojekt in ferfolch jûn troch by trije fan de nûmers in fideoklip te meitsjen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje