Nasjonaal Park De Biisbosk
Nasjonaal Park De Biisbosk (of De Biesbosk; Nederlânsk: Nationaal Park De Biesbosch) is in natoergebiet yn it rivierlân op 'e grins fan 'e Nederlânske provinsjes Noard-Brabân en Súd-Hollân, dat sûnt 1994 de status fan in nasjonaal park hat. It bestiet út moerassen, sânplaten, kreken en eilantsjes, en wurdt trochsnien troch de keunstmjittige rivier de Nije Merwede. De Biisbosk is behalven om 'e natoer ek wichtich as drinkwetteropslachplak.
Nasjonaal Park De Biisbosk Nationaal Park De Biesbosch | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Noard-Brabân Súd-Hollân | |
koördinaten | 51°45′ N 4°47′ E | |
oare ynformaasje | ||
status | nasjonaal park | |
oerflak | 90 km² | |
stifting | 1994 | |
behear | Steatsboskbehear | |
webside | www.np-debiesbosch.nl | |
kaart | ||
Geografy
bewurkje seksjeDe Biisbosk leit oerskrank op 'e grins fan 'e provinsjes Noard-Brabân en Súd-Hollân. It wurdt omjûn troch de Boppe-Merwede en de Under-Merwede yn it noarden en troch de Amer en de Berchske Maas yn it suden. Oan 'e eastkant grinzget it oan it Lân fan Altena. De Biisbosk kin ûnderferdield wurde yn 'e Brabânske Biisbosk (it grutste diel, besuden de Nije Merwede) en de Hollânske Biisbosk, dy't sels ek wer ûnderferdield wurde kin yn 'e Doardter Biisbosk (Dordtse Biesbosch, dy't ynpoldere is en no diel útmakket fan it Eilân fan Doardt) en de Sliderter Biisbosk (Sliedrechtse Biesbosch). Dat lêste part is ferneamd nei it by de Sint-Elizabethsfloed ferdronken doarp Slidert, wêrfan't de oerlibbene ynwenners neitiid it hjoeddeiske Slidert stiften.
Skiednis
bewurkje seksjeDe Biisbosk ûntstie nei de wettersneedramp fan 'e Sint-Elizabethsfloed, yn 1421, doe't de Grutte of Hollânske Waard der alhiel ûnder strûpte. Dêrtroch feroare it gebiet yn in lytse binnensee fan 300 km², dy't ûnder ynfloed stie fan 'e rivieren en it tij. It troch de rivieren oanfierde sân en slib heape der op ta sânbanken, dy't meitiid begroeid rekken mei boaiemfegetaasje en wylgen. Sa ûntjoegen har de kreken en eilannen fan 'e Biisbosk, en kaam it gebiet der stadichoan út te sjen sa't it der tsjintwurdich hinne leit.
In echt natoergebiet wie de Biisbosk lykwols net, mei't de minske der allegeduerigen yngriep. Fral yn 'e njoggentjinde en iere tweintichste iuw wie dat sa, doe't tusken 1861 en 1874 de Nije Merwede dwers troch de krite hinne groeven waard om in ekstra ôffierrûte foar rivierwetter te kreëarjen. Yn 1900 waard ek dwers troch de Biisbosk in dyk oanlein, mei dêryn it saneamde "Brechje fan Sint-Jan" om in wichtige farrûte iepen te litten. By stoarm koene by it brechje keardoarren sletten wurde. Yn 1904 kaam de Berchske Maas ree, dy't in grut part fan 'e tijdruk op 'e Biisbosk weinaam. Yn deselde snuorje waard troch ynpoldering de Doardter Biisbosk fan 'e rest fan it gebiet skaat.
Under de Twadde Wrâldoarloch wie de Biisbosk in bolwurk fan it Nederlânsk ferset, mei't it gebiet tige gaadlik wie om guod en ûnderdûkers foar de Dútsers ferburgen te hâlden. Mei't it ferskil tusken êb en floed hast twa meter bedroech, moast men der lykwols al goed thúswêze. Der waarden ek geregeldwei troch Alliëarde fleantugen nachtlike droppings boppe it gebiet útfierd. Dat wist de besetter, dat dy wie dêr skerp op; sadwaande binne der ûnder de oarloch 16 fleantugen delsketten en yn 'e Biisbosk delstoart. Yn it deunby leine Werkendam, yn it Lân fan Altena, binne tritich oarlochsgrêven fan Alliëard loftmachtpersoneel. Doe't ein 1944 Nederlân besuden de Grutte Rivieren befrijd waard, besochten in soad efterbleaune Dútsers dêrwei fia de Biisbosk nei it noarden te flechtsjen. It ferset naam dêrby 75 manlju en in frou finzen en droech dy in pear wike letter oer oan Poalske troepen yn Noard-Brabân.
Nei de Wettersneedramp fan 1953 waarden yn it ramt fan it Deltaplan de see-earms dy't nei de Biisbosk ta laten, ôfsletten. Yn 1969 barde dat mei it Folkerak en yn 1970 mei it Hjerringfliet. De hichte fan it tij gie dêrtroch yn 'e Biisbosk werom fan 2 m oant 20 sm. De Sliderter Biisbosk hat noch wol in tij fan 70 sm troch de iepen ferbining mei de see fia de Nije Maas en de Nije Wetterwei, by Rotterdam. Troch it weinimmen fan it grutte tijferskil feroare de Biisbosk stadichoan yn in moeraskrite. Yn 1994 krige it de status fan nasjonaal park taparte, wêrmei't it in beskerme natoergebiet waard. Hjoed de dei wurdt der in protte oan rekreaasje dien, mar teffens hat de Biisbosk noch altyd in wichtige funksje as opslachbekken foar drinkwetter.
Galery
bewurkje seksje-
De Biisbosk
-
wetterrin yn 'e Biisbosk
-
in weidzjend hynder yn 'e Biisbosk
-
sinne-ûndergong yn 'e Biisbosk
-
it besikerssintrum, yn Doardt
-
it Biisboskmuseum, yn Werkendam
-
natoer yn 'e Biisbosk
-
somplân yn 'e Brabânske Biisbosk
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|