Lac Courte Oreilles Troep fan Boppemarder Tsjippewa Yndianen

De Lac Courte Oreilles Troep fan Boppemarder Tsjippewa Yndianen (útspr.: [lə'ku:dəre:], likernôch: "luh-kûû-duh-ree"; Ingelsk: Lac Courte Oreilles Band of Lake Superior Chippewa Indians; Odjibwe: Odaawaa-zaaga'iganiwininiwag) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten. Dizze stamme stiet ek wol bekend as de Lac Courte Oreilles Troep fan Odjibwe (Lac Courte Oreilles Band of Odjibwe). De leden fan 'e stamme binne etnyske Odjibwe (ek wol Tsjippewa neamd). De Lac Courte Oreilles Troep beskikt oer in eigen Yndianereservaat yn it noardwesten fan 'e steat Wiskonsin. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn it stedsje Hayward.

Lac Courte Oreiiles Troep fan
Boppemarder Tsjippewa Yndianen
Ingelsk Lac Courte Oreilles Band of
   Lake Superior Chippewa Indians
lânseigen Odaawaa-zaaga'iganiwininiwag
flagge
algemiene ynformaasje
lân Feriene Steaten
steat Wiskonsin
haadkertier Hayward (Wiskonsin)
etnisiteit Odjibwe
ledetal 6.000 (2010)
oprjochting 1934
status federale erkenning
erkenning Feriene Steaten
reservaat
reservaat Lac Courte Oreilles Yndianeres.
lokaasje noardwestlik Wiskonsin
oerflak 279,5 km²
ynwennertal 3.013 (2000)
offisjele webside
www.lco-nsn.gov
kaart
Lac Courte Oreilles Troep fan Boppemarder Tsjippewa Yndianen (Wiskonsin)
Lac Courte Oreilles Troep fan Boppemarder Tsjippewa Yndianen
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Wiskonsin.

De Odjibwe fan 'e Lac Courte Oreilles-troep wenje al sûnt minskewitten yn noardlik Wiskonsin. Fertsjintwurdigers fan 'e troep hearden ta de Odjibwe dy't yn 1842 mei folmachten fan 'e Amerikaanske oerheid it earste Ferdrach fan La Pointe sleaten. Tolve jier letter wiene de Lac Courte Oreilles op 'e nij fan 'e partij doe't it twadde Ferdrach fan La Pointe (1854) tekene waard. Under de ôfspraken fan dat lêste ferdrach waard doe it Lac Courte Oreilles Yndianereservaat oprjochte.

Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw fette it regear fan 'e Feriene Steaten it plan op om alle Odjibwe út Michigan en Wiskonsin, wêrûnder de Lac Courte Oreilles-troep, te deportearjen nei it Leech Lake Yndianereservaat fan noardlik Minnesota. Nei't dat idee yn 1898 yn Leech Lake ta in lytse rebûlje late, waard it ôfblazen.

De leden fan 'e Lac Courte Oreilles Troep fan Boppemarder Tsjippewa Yndianen binne aktyf yn it rispjen fan wylde rys yn 'e moerassige kriten yn en bûten harren reservaat. It rjocht fan 'e Yndiaanske stammen fan noardlik Wiskonsin om dat ek te dwaan yn 'e wyldernis, bûten harren eigen gerjochtichheid, waard yn 1983 fêstlein yn it fûnis yn 'e rjochtsaak Lac Courte Oreilles Band of Lake Superior Chippewa Indians v. Lester B. Voigt.

De leden fan 'e Lac Courte Oreilles Troep fan Boppemarder Tsjippewa Yndianen binne etnyske Odjibwe (Ojibwe), ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd, dy't ta de subgroep fan 'e Boppemarder Tsjippewa hearre. De Odjibwe foarmje in grut Algonkwynsk folk dat yn it gebiet fan 'e Grutte Marren yn sawol de Feriene Steaten as Kanada libbet. De Lac Courte Oreilles Troep is ien fan 22 ûnderskate stamme-organisaasjes mei federale erkenning dy't yn 'e Feriene Steaten de Odjibwe fertsjintwurdigje. Neffens gegevens út 2010 hie de stamme doe sa'n 6.000 leden.

De Lac Courte Oreilles Troep fan Boppemarder Tsjippewa Yndianen hat in eigen Yndianereservaat, it Lac Courte Oreilles Yndianereservaat, dat yn it noardwesten fan 'e Amerikaanske steat Wiskonsin leit. Sawol it reservaat as de stamme binne ferneamd nei Lac Courte Oreilles, in mar fan oansjenlike grutte dy't diel fan it reservaat útmakket. It Lac Courte Oreilles Yndianereservaat leit yn it westlike part fan Sawyer County, wylst in pear (folle lytsere) perselen bûtenreservaatsk beheargebiet yn oangrinzgjende countys lizze.

Yn totaal hat it Lac Courte Oreilles Yndianereservaat in oerflak fan 279,5 km². Neffens gegevens út 2000 wennen der doe likernôch 3.000 minsken yn it reservaat, wêrfan't lykwols in oansjenlik part út blanken bestie. De rom 2.300 Yndiaanske ynwenners makken 76,5% fan 'e befolking fan it reservaat út. Dyselde groep foarmet lykwols mar 38,3% fan 'e leden fan 'e Lac Courte Oreilles Troep, mei't sa'n 3.700 stammeleden bûten it eigen reservaat wenje. It haadkertier fan 'e stamme is ek bûten it reservaat fêstige, yn it stedsje Hayward.

De Lac Courte Oreilles Troep fan Boppemarder Tsjippewa Yndianen wurdt bestjoerd troch in stammeried dy't by mei geregelde tuskenskoften op demokratyske wize holden ferkiezings keazen wurdt troch de leden. De stamme runt in eigen kasino, it Lac Courte Oreilles Casino, mei't men op reservaatlân net bûn binne oan it steatsferbod op gokken dat yn Wiskonsin fan krêft is. Yn Hayward hat de Lac Courte Oreilles Troep fierders ek in eigen middelbere skoalle, it Lac Courte Oreilles Ojibwa Community College, en teffens in eigen radiostasjon, WOJB-FM.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.