Hayward (Wiskonsin)
Hayward is in stêd yn it noardwestlike part fan 'e Amerikaanske steat Wiskonsin. It leit oan 'e igge fan 'e rivier de Namekagon, en it is it haadplak fan it omlizzende Sawyer County. De stêd Hayward (City of Hayward) moat net betize wurde mei de town Hayward, dat in soarte fan plattelânsgemeente is dy't de stêd Hayward geografysk sjoen folslein omjout. De stêd Hayward hat in oerflak fan sa'n 8,7 km². Neffens in offisjele skatting út 2012 hie it doe in befolking fan goed 2.300 minsken.
Hayward | ||
Wrâlds grutste muskellunge by de National Fresh Water Fishing Hall of Fame, it bekenste bouwurk fan Hayward. | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Wiskonsin | |
County | Sawyer County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.313 (2012) | |
Oerflak | 8,7 km² (ynkl. wetter) 8,1 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 285,9 / km² | |
Hichte | 444 m | |
Oar | ||
Stifting | 1850-er jierren | |
Tiidsône | UTC –6 | |
Simmertiid | UTC –5 | |
Koördinaten | 46°0′36″N 28°50′0″W | |
Offisjele webside | ||
www.cityofhaywardwi.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Hayward yn Sawyer County en yn 'e steat Wiskonsin. |
Skiednis
bewurkje seksjeOarspronklik waard de krite fan Hayward bewenne troch de Odjibwe-Yndianen. Yn 'e twadde helte fan 'e 1850-er jierren waard it gebiet kolonisearre troch blanke houtsjers út 'e steaten New York, Fermont, Nij-Hampshire en Maine. Yn dy tiid waard Hayward stifte en ferneamd nei Anthony Judson Hayward, in houtsjer dy't op dit plak in houtseagerij boude, dêr't stadichoan in doarp omhinne groeide. Yn 'e 1890-er jierren folge der in nije kolonisaasjeweach fan 'e krite fan Hayward troch ymmigranten út Dútslân, Noarwegen, Poalen, Ierlân en Sweden.
Hayward hjoed de dei
bewurkje seksjeTsjintwurdich is Hayward benammen bekend as fakânsjebestimming foar angelfiskers, fanwegen de withoefolle marren yn it omlizzende gebiet, dêr't Lac Courte Oreilles en de Grindstone-mar de bekendsten fan binne. De krite is ferneamd om 'e ûnbidich grutte muskellunge, snoek, breedbekbears en smelbekbears. Sadwaande stiet yn Hayward ek de National Fresh Water Fishing Hall of Fame, in museum dat wijd is oan 'e angelderij. Op it terrein fan it museum stiet in 44 m lange muskellunge fan glêsfezels, dat wrâlds grutste bouwurk fan dy stof is. Toeristen kinne fanút 'e bek fan 'e fisk útsjen oer it stedsje. Yn Hayward is fierders ek it haadkertier fêstige fan 'e Lac Courte Oreilles Troep fan Boppemarder Tsjippewa Yndianen, in federaal erkende Odjibwe-stamme.
Yn 'e omkriten fan Hayward kin ek golft, kanofearn, kajakke, hynsteriden, mountainbiked en op harten jage wurde. Winterdeis wurdt der in soad langlauft en op snowmobiles omriden. Dy lêste aktiviteit is neffens it Departemint fan Natuerlike Helpboarnen fan 'e steat Wiskonsin yn Hayward útfûn. Ek is it mooglik om gewoan te kuierjen en fan 'e natoerskientme te genietsjen. Dêrby kinne gauris waarnimmings dien wurde fan bearen, wolven, harten, reade lynksen, fiskmarters en oare wylde bisten. Elts jier wurde yn Hayward ek de Lumberjack World Championships holden, in wrâldkampioenskip yn 'e saneamde timbersports, wêrby't betûfte houtsjers it tsjininoar opnimme by houthakjen, seagjen, keatlingseagjen, ensafh.
Susterstêd
bewurkje seksjeDemografy
bewurkje seksjeNeffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Hayward yn 2012 in befolking fan 2.313 minsken. De befolkingstichtens bedroech 285,9 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Hayward 20,8% âlder as 65 jier en 23,7% jonger as 18 jier. Fierders bestie 41,7% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2000 14,5% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe, ynkl. 19,5% fan 'e leeftydskategory fan ûnder de 18 jier. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 80,8% blanken; 11,8% Yndianen; 2,5% Latino's; 0,9% Aziaten; 0,4% swarten; 3,6% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Berne yn Hayward
bewurkje seksje- Fritz Ackley (1937-2002), honkballer
- Jim Denomie (1955), keunstskilder
- Sean Duffy (1971), politikus
- J.R. Salzman (1979), beamstamrôler en soldaat
Klimaat
bewurkje seksjeHayward hat in lânklimaat, mei waarme simmers en kâlde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 26,1 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is de trochsneed temperatuer nachts –17,6 °C. Hayward kriget jiers trochinoar 825,5 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield krapoan 140 sm snie.[1]
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|