Lac Courte Oreilles

Lac Courte Oreilles (útspr.: [lə'ku:dəre:], likernôch: "luh-kûû-duh-ree"), is in mar yn it noardwestlike part fan 'e Amerikaanske steat Wiskonsin. De mar makket ûnderdiel út fan Sawyer County en leit yn it dernei ferneamde Lac Courte Oreilles Yndianereservaat fan 'e federaal erkende Lac Courte Oreilles Troep fan Boppemarder Tsjippewa Yndianen. De mar leit krapoan 14 km súdeastlik fan 'e stêd Hayward. Oan 'e igge leit it doarp Northwoods Beach. Yn 'e mar sit in protte snoek, muskellunge, breedbekbears en oare fisk, wat it ta in populêre fakânsjebestimming foar angelfiskers makket, benammen foar lju út Minneapolis-St. Paul, Milwaukee en Chicago wei.

Lac Courte Oreilles
geografy
type wetter mar
lokaasje noardwestlik Wiskonsin
lân Feriene Steaten
steat Wiskonsin
koördinaten 45°53′N 91°25′W
sifers
maks. lingte 9,6 km
maks. breedte 3,2 km
oerflak 20,4 km²
djipste punt 27 m
kaart
Lac Courte Oreilles (Wiskonsin)
Lac Courte Oreilles
Lizzing yn Wiskonsin.

It oerflak fan Lac Courte Oreilles beslacht 20,4 km², en it djipste punt leit op 27 m ûnder it wetteroerflak. Op it breedste punt mjit de mar 3,2 km fan noardwest nei súdeast, en op it langste punt 9,6 km noardeast nei súdwest. It wetter hat in kustline mei in lingte fan sa'n 41 km. It wetter streamt de mar yn fia de Grindstone Creek, in beek dy't der oan 'e noardeastkant yn útmûnet. Oan 'e súdeastkant fan Lac Courte Oreilles wurdt it wetter wer ôffierd troch in lytse wetterwei dy't nei it tige deunby leine Little Lac Courte Oreilles liedt, en dêrwei fia de rivier de Couderay nei de Chippewa, dy't úteinlik by de Pepin-mar útmûnet yn 'e Mississippy.

Yn 'e Odjibwe-taal fan 'e lânseigen Yndiaanske befolking fan 'e krite hjit de mar Odaawaa-zaaga’iganiing, dat "Ottawa-mar" betsjut, ferwizend nei de Ottawa-Yndianen, dy't nau besibbe binne oan 'e Odjibwe. De Ingelske namme fan Lac Courte Oreilles komt út it Frânsk, en ferwiist nei in (mispleatste) oertsjûging fan iere Frânske ûntdekkingsreizgers yn noardlik Wiskonsin, dy't mienden dat de pleatslike Odjibwe it gebrûk hiene om harsels de earlellen ôf te snijen. Dêrom neamden se de mar Lac Courte Oreilles, wat Frânsk is foar "Mar fan de Koarte Earen". Dit misferstân wurdt wol útlein troch derop te wizen dat guon stammen út noardlik Wiskonsin it gebrûk hiene om 'e earlellen op te rekken, en dat de pleatslike Yndianen, dy't dat gebrûk net hiene, sadwaande earen hiene dy't yn ferliking koart lieken.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.