Ferdrach fan La Pointe (1854)
It twadde Ferdrach fan La Pointe wie in wetlik binende oerienkomst dy't op 30 septimber 1854 yn La Pointe, yn Wiskonsin, sletten waard tusken fertsjintwurdigers fan it regear fan 'e Feriene Steaten, ûnder lieding fan Henry C. Gilbert en David B. Herriman, en 85 Yndiaanske opperhaden fan 'e Boppemarder Tsjippewa-stamme fan 'e Odjibwe-Yndianen (Ojibwe; ek wol Tsjippewa, Chippewa, neamd). Under de opperhaden dy't dit ferdrach tekenen, wiene Bizon, Peter Marksman en Moaimeitsjende Fûgel. Ta de ûnderhannelings foar dit ferdrach waard opdracht jûn troch presidint Millard Fillmore, nei oanlieding fan 'e Trageedzje fan Sandy Lake. It ferdrach waard iepenbier makke op 29 jannewaris 1855 en op 25 septimber 1855 bekrêftige troch presidint Franklin Pierce.
- Dizze side giet oer it Ferdrach fan La Pointe fan 1854. Foar it Ferdrach fan La Pointe fan 1842, sjoch: Ferdrach fan La Pointe (1842).
Under de kêsten fan it Ferdrach fan La Pointe stiene de Odjibwe alle lân yn 'e Pylkpunt-regio fan noardwestlik Minnesota ôf oan 'e Feriene Steaten, yn ruil foar de stifting fan acht Yndianereservaten yn noardwestlik Minnesota, noardlik Wiskonsin en Opper-Michigan. De ûndertekenjende Odjibwe-troepen beholden it rjocht om yn it ôfstiene gebiet te fiskjen, te jeien en yn it wyld groeiend plantaardich iten (lykas beien) te sammeljen, in rjocht dat neitiid troch it Amerikaansk Heechgerjochtshôf bekrêftige waard. Boppedat ynterpretearre it Heechgerjochtshôf it Ferdrach fan La Pointe yn 'e sin dat it Amerikaanske regear dermei de ferplichting op him nommen hie om in permanint thúslân (yn de foarm fan reservaten) te skeppen foar de Odjibwe-troepen dêr't it ferdrach mei sletten wie.
De reservaten dy't op grûn fan it twadde Ferdrach fan La Pointe stifte waarden, wiene:
Dêropta waarden der skinkings fan lân (sûnder spesjale status) dien oan 'e heal-Yndiaanske Mety.
De Mole Lake-troep en de St. Croix-troep ferlearen neitiid harren federale erkenning om't se by it twadde Ferdrach fan La Pointe net fertsjintwurdige west hiene. Under de Wet op de Yndiaanske Reorganisaasje, fan 1934, wûnen de Mole Lake-troep en de eastlike helte fan 'e St. Croix-troep, yn Wiskonsin, harren federale status werom, mar de westlike St. Croix-troep, yn Minnesota, wurdt oant op 'e dei fan hjoed net troch de Amerikaanske oerheid erkend, en makket offisjeel diel út fan 'e Mille Lacs Troep fan Odjibwe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |