L'Anse Yndianereservaat

It L'Anse Yndianereservaat (Ingelsk: L'Anse Indian Reservation) is ien fan 'e beide reservaten fan 'e federaal erkende Keweenaw Bay Yndianemienskip fan de L'Anse en Ontonagon Troepen fan Tsjippewa Yndianen (Keweenaw Bay Indian Community of the L'Anse and Ontonagon Bands of Chippewa Indians). It leit yn it noardwesten fan 'e Amerikaanske steat Michigan, en is it âldste bewenne reservaat fan 'e steat.

L'Anse Yndianereservaat
L'Anse Indian Reservation
Utsjoch oer de Keweenaw-baai út it reservaat wei.
Utsjoch oer de Keweenaw-baai út it reservaat wei.
polityk
haadplak Baraga (Michigan)
stamme Keweenaw Bay Ynd.mienskip
lân Feriene Steaten
steat Michigan
county Baraga County
sifers
ynwenners 3.672 (2000)
oerflak 238,6 km²
bef.tichth. 15,4 / km²
oar
stifting 1854
tiidsône UTC –5
simmertiid UTC –4
webside www.kbic-nsn.gov
kaart
Utsjoch oer de Keweenaw-baai út it reservaat wei.
Yndianereservaten yn Michigan. It L'Anse Reservaat is werjûn yn read.

It L'Anse Yndianereservaat leit yn it noardwesten fan 'e Amerikaanske steat Michigan, oan 'e noardkust fan it skiereilân Opper-Michigan. It bestiet út twa net opinoar oanslutende dielen oan wjerskanten fan 'e Keweenaw-baai, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Boppemar (ien fan 'e Grutte Marren). Bestjoerlik heart it reservaat ta Baraga County, dêr't it hast in trêdepart fan beslacht. It grutste diel fan it reservaat leit oan 'e súdeastkant fan 'e Keweenaw-baai, yn it noarden fan it plattelânsdistrikt L'Anse Township en yn it westen fan it distrikt Arvon Township. It grûngebiet fan dit part fan it reservaat makket ûnderdiel út fan it Hueronberchtme.

It lytsere diel fan it L'Anse Yndianereservaat leit oan 'e súdwestkant fan 'e Keweenaw-baai, yn it noarden fan Baraga Township. Fierders is der ek noch in folle lytser perseel fan 17,4 ha yn it noarden fan Chocolay Township, yn noardeastlik Marquette County. Yn totaal hat it L'Anse Reservaat in oerflak fan 238,6 km², wêrmei't it it grutste reservaat fan Opper-Michigan is en it op ien nei grutste fan Michigan (nei it Isabella Yndianereservaat yn Neder-Michigan). Fan it grûngebiet fan it reservaat is 57 km² yn besit fan it stammebestjoer, wylst twatrêde part yn mienskiplik eigendom fan 'e stammeleden is. De rest fan 'e grûn is yn eigendom fan partikulieren (sawol Yndianen as oaren).

It L'Anse Yndianereservaat waard yn 1854 stifte ûnder de betingsten fan it twadde Ferdrach fan La Pointe, tusken de Odjibwe fan 'e Ontonagon- en L'Anse-troepen fan Opper-Michigan en it regear fan 'e Feriene Steaten. Dat ferdrach waard op 25 septimber 1855 bekrêftige troch de Amerikaanske presidint Franklin Pierce. It Amerikaansk Heechgerjochtshôf hat it Ferdrach fan La Pointe neitiid ynterpretearre as in oerienkomst wêrby't in permanint thúslân skepen waard foar de Odjibwe fan 'e tradisjonele L'Anse- en Ontonagon-troepen.

It L'Anse Reservaat is it gruttere (en it iennichste dat bewenne wurdt) fan 'e beide Yndianereservaten fan 'e Keweenaw Bay Yndianemienskip fan de L'Anse en Ontonagon Troepen fan Tsjippewa Yndianen. Dat is ien fan 22 ûnderskate federaal erkende stamme-organisaasjes dy't yn 'e Feriene Steaten de Odjibwe (Ojibwe), ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd, fertsjintwurdigje, in Algonkwynsk folk dat yn it gebiet fan 'e Grutte Marren sawol yn 'e Feriene Steaten as yn Kanada wennet.

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe 3.672 minsken yn it L'Anse Reservaat, wêrfan't rom 69% (oftewol sa'n 2.550 persoanen) blanken wiene, en mar 24,4% (of 896 persoanen) fan Yndiaansk komôf. It haadplak fan it reservaat is Baraga, dat in ynwennertal hat fan likernôch 2.000 minsken, en dat foar it meastepart binnen de grinzen fan it reservaat leit. It doarp L'Anse, ek mei 2.000 ynwenners, leit mar foar in lyts part yn it reservaat. De iennichste oare wenkearn yn it L'Anse Reservaat is de útbuorren Zeba.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.