Baraga (Michigan)
Baraga (útspr.: ['bæɹəɡə], likernôch "berrukke") is in doarp yn Baraga County, yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Michigan. It leit oan 'e Keweenaw-baai, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Boppemar (ien fan 'e Grutte Marren), oan 'e noardkust fan it skiereilân Opper-Michigan. Bestjoerlik makket it doarp ûnderdiel út fan it plattelânsdistrikt Baraga Township, en leit it foar it meastepart binnen de grinzen fan it L'Anse Yndianereservaat. Yn Baraga kruse de autowegen US Highway 41 en M-38 inoar. It doarp is ferneamd nei de njoggentjinde-iuwske misjonaris en biskop Frederic Baraga. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Baraga doe goed 2.000 ynwenners.
Baraga | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Michigan | |
County | Baraga County | |
Township | Baraga Township | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.027 (2012) | |
Oerflak | 5,7 km² (ynkl. wetter) 5,5 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 373,9 / km² | |
Hichte | 192 m | |
Oar | ||
Stifting | 1843 | |
Tiidsône | UTC –5 | |
Simmertiid | UTC –4 | |
Koördinaten | 46°46′36″N 88°29′46″W | |
Offisjele webside | ||
www.villageofbaraga.com | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Baraga yn Baraga County en yn 'e steat Michigan. |
Skiednis
bewurkje seksjeBaraga waard yn 1843 stifte doe't de misjonaris Frederic Baraga op dit plak in missypost begûn. Yn 1869 krige de delsetting syn eigen postkantoar, doedestiden in teken fan erkenning fan hegerhân. De namme fan it doarp wie doe noch Bristol; op 11 maaie 1870 waard de namme formeel feroare yn Baraga.
Demografy
bewurkje seksjeNeffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Baraga yn 2012 in befolking fan 2.027 minsken. De befolkingstichtens bedroech 373,9 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Baraga 10,0% âlder as 65 jier en 15,8% jonger as 18 jier. Fierders bestie 41,2% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2000 15,6% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe, ynkl. 20,1% fan 'e lju yn 'e leeftydskategory fan boppe de 65 jier.
Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 43,9% blanken; 29,4% swarten; 22,0% Yndianen; 1,0% Latino's; 0,1% Aziaten; 3,6% oaren of fan mingd etnysk komôf. Fan 'e blanke befolking wie yn 2000 25,5% fan Finsk komôf, 9,9% fan Frânsk komôf, 9,2% fan Dútsk komôf en 6,3% fan Frânsk-Kanadeesk komôf.
Fan 'e Yndianen bestiet de grutte mearderheid út etnyske Odjibwe (Ojibwe), ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd. Yn Baraga is it haadkertier fêstige fan 'e federaal erkende Keweenaw Bay Yndianemienskip fan de L'Anse en Ontonagon Troepen fan Tsjippewa Yndianen. Baraga leit foar it meastepart binnen de grinzen fan it L'Anse Yndianereservaat fan 'e Keweenaw Bay Yndianemienskip.
Klimaat
bewurkje seksjeBaraga hat in lânklimaat, mei oangenaam waarme simmers en tige kâlde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 25,6 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat –5,6 °C. Baraga kriget jiers trochinoar 866 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 376 sm snie.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|