Bizon (opperhaad)
Bizon (Odjibwe: Bizhiki of ferbastere ta Peezhickee; Ingelske oersetting: Buffalo of Chief Buffalo; Frânske oersetting: Le Bœuf; La Pointe (Wiskonsin), ±1759 – dêre, 7 septimber 1855) wie in opperhaad fan 'e Odjibwe (Ojibwe), ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd, in Yndiaansk folk út 'e krite fan 'e Grutte Marren fan Noard-Amearika. Hy stie ek wol bekend as Grutte Fernijer (Odjibwe: Gichi-weshkiin of ferbastere ta Kechewaishke; Ingelske oersetting Great Renewer), en wie de wichtichste lieder fan 'e Boppemarder Tsjippewa út 'e njoggentjinde iuw. Hast in heale iuw joech er lieding oan 'e La Pointe-troep fan 'e Boppemarder Tsjippewa. Mei troch Bizon syn ûnwifkjend ferset rûn it plan fan 'e Amerikaanske oerheid op 'e non om syn folk út har heitelân wei nei de westkant fan 'e Mississippy te deportearjen. Ynstee wist er de oprjochting fan ferskate Yndianereservaten te bewurkmasterjen dy't hjoed de dei noch besteane.
Bizon (opperhaad) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Bizhiki | |
oare namme | Gichi-weshkiin, "Grutte Fernijer" | |
nasjonaliteit | Odjibwe | |
berne | ±1759 | |
berteplak | La Pointe (Wiskonsin) | |
stoarn | 7 septimber 1855 | |
stjerplak | La Pointe (Wiskonsin) | |
etnisiteit | Odjibwe | |
wurkpaad | ||
berop/amt | opperhaad fan de Odjibwe | |
jierren aktyf | ±1805 – 1855 |
Libben
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeBizon waard omtrint 1759 berne yn La Pointe, op it eilân Madeline (Odjibwe: Mooningwanekaaning) yn 'e Boppemar, dat hjoed de dei ta de Amerikaanske steat Wiskonsin heart. La Pointe wie yn dy tiid in wichtich sintrum fan 'e pelshannel tusken de Odjibwe en de Frânsen. It feit dat Bizon ferskate nammen hie, wat net ûngebrûklik wie mank de Odjibwe, hat ûnder blanke histoarisy gauris ta betizing laat, temear om't der yn deselde tiid ek in opperhaad fan 'e St. Croix-troep fan 'e Boppemarder Tsjippewa wie dy't Bizon hiet, en in foaroansteand kriger fan 'e Plonderder-Tsjippewa dy't ek al de namme Bizon droech.
Bizon hearde ta de Hjerringslinerklan dy't mank de Boppemarder Tsjippewa in foaroansteand plak yn nommen hie sûnt de tiid fan syn pake, it opperhaad Kraaiefleis (Andaigweos of Aandegwiiyaas). By Bizon syn libben, wie de Hjerringslinerklan oanhâldend yn konflikt mei de Kraanfûgelklen, dy't úthold dat harren haadman it erflik opperhaad fan 'e La Pointe-troep wie. Yn 'e njoggentjinde iuw wie it lykwols Bizon, en net de Kraanfûgelhaadman Tagwagane, dy't as sadanich erkend waard.
De boarnen binne it der net oer iens wa't Bizon syn heit wie, mar it is mooglik dat dy ek fan Kraaiefleis hiet. Yn elts gefal liket Bizon op 'e iene of oare manear besibbe west te hawwen oan it ferneamde oarlochsopperhaad Waubojeeg. Doe't er likernôch tsien jier wie, ferfearen Bizon syn âlden mei him nei Buffalo, yn New York, dêr't se rûchwei twa jier taholden. Nei noch in skoftke op it eilân Mackinac, op 'e grins fan 'e Michiganmar en de Hueronmar, wenne te hawwen, kearden se úteinlik werom nei La Pointe.
Iere jierren
bewurkje seksjeDe boarnen oer it iere folwoeksen libben fan Bizon binne krap. Hoewol't er yn 'e geunst fan sawol Britske keaplju as de Britske koloniale oerheid stien liket te hawwen, namen de Boppemarder Tsjippewa mar amper diel oan 'e striid tsjin 'e Feriene Steaten yn 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch of de Oarloch fan 1812, en der binne alhiel gjin boarnen dy't beweare dat Bizon dêr wol oan meidie. It sizzen is dat yn 1811, doe't de Oarloch fan Tecumseh útbriek, Bizon en guon oare krigers fan 'e La Pointe-troep har op 'en paad bejoegen om har by de Konfederaasje fan Tecumseh te foegjen, mar dat se tsjinkeard waarden troch de Mety-keapman Michel Cadotte, dy't har derfan oertsjûge dat it gjin doel hie om it tsjin 'e Amerikanen yn 'e kant te setten.
Neitiid soe Bizon altyd freedsume taktiken ynsette yn syn relaasje mei de Feriene Steaten, ek al kante er him gauris oan tsjin it belied fan it Amerikaanske regear. Hoewol't er wol tsjin oare Yndianen focht en yn 1842 yn 'e Slach oan de Brule in grutte oerwinning behelle hawwe soe op 'e Eastlike Dakota, hold er út dat er nea immen skalpearre hie en dat er syn kriichsfinzenen altyd goed behannele en iten jûn hie. Oer it algemien ûnderstipe er it krewearjen om ta in duorjende frede te kommen tusken de Odjibwe en de Dakota. Behalven as in kundich jager en kriger stiet Bizon ek bekend as in grut orator. Dêrfandinne dat er rûnom erkend waard as de wurdfierder fan net inkeld syn eigen troep, mar fan alle Boppemarder Tsjippewa yn harren omgong mei de Feriene Steaten. Hy hie lykwols gjin inkele sizzenskip oer it deistich bestjoer fan 'e oare troepen, sa't er yn 1826 oan Amerikaanske folkekundige en geograaf Henry Rowe Schoolcraft besocht út te lizzen doe't dy him frege wêrom't er net it near lei op 'e oanhâldende oarlochfiering mei de Dakota.
Opperhaad
bewurkje seksjeYn 1825 wie Bizon ien fan 'e 41 Odjibwe-opperhaden dy't it (earste) Ferdrach fan Prairie du Chien ûndertekenen. Op it offisjele dokumint stiet er fernijd as "Gitspee Waishkee of La Bœuf"; sines is de trêde namme fan boppen, nei Shingabawossin, it opperhaad fan 'e Kraanfûgelklan fan 'e Sault Ste. Marie-troep, dy't as seremonieel lieder fan alle Odjibwe beskôge waard, en in Gitspee Jiuaba, oer wa't fierders neat bekend is. Yn 1826 wie Bizon ek ien fan 'e ûndertekeners fan it Ferdrach fan Fond du Lac, en yn 1837 wied er belutsen by de ûnderhannelings dy't laten ta it Ferdrach fan St. Peters. Neitiid beskuldige er syn mei-opperhaden derfan dat dy har by dy gelegenheid holden en droegen hiene as bern troch te besykjen inoar de wyn út 'e seilen te nimmen, mei as gefolch dat se troch de Amerikanen tsjininoar útspile en allegear oan de krapperein kommen wiene.
Yn 1842 waard it earste Ferdrach fan La Pointe sletten, wêrby't ek Bizon syn La Pointe-troep syn lân ôfstean moast oan 'e Feriene Steaten. Hoewol't der gjin ferslach fan 'e ûnderhannelings makke waard, komt út brieven en oar materiaal skreaun troch misjonarissen en keaplju en troch opperhaden fia harren Yndiaansk agint dúdlik nei foarren dat de Amerikanen yntimidaasje en bedroch brûkten om 'e útkomst te krijen dy't se hawwe woene. In fearnsjier letter beklage Bizon him dêroer yn in brief oan it Amerikaanske regear yn Washington, D.C. Troch de formulearring fan it Ferdrach fan La Pointe en it eardere Ferdrach fan St. Peters, dy't foar mear as ien útlis fetber is, mienden de Odjibwe dat se tastimming fan 'e Amerikanen krigen hiene om yn har heitelân te bliuwen, wylst de Amerikanen no seine it rjocht te hawwen om 'e Odjibwe te deportearjen nei de westkant fan 'e rivier de Mississippy.
Yn 1850 besocht presidint Zachary Taylor om 'e Boppemarder Tsjippewa en de Mississippy-Tsjippewa safier te krijen dat se út eigen beweging nei it westen ta ferfarre soene. Dat waard dien troch it plak dêr't de yn 'e ferdraggen fêstleine jierjilden útrikt waarden, te ferpleatsen fan La Pointe nei Sandy Lake, yn Minnesota. Troch dat let yn it jier te dwaan en dêrnei de Yndianen dêr mei opsetsin op te hâlden, besochten de Amerikanen harren te twingen om dêr de winter troch te bringen, sadat harren heitelân ûnderwilens iepen komme soe te lizzen foar kolonisaasje troch de blanken. De sitewaasje by Sandy Lake wie lykwols sa min, dat fan 'e 3.000 Yndianen dy't dêrhinne ôfreizgen 170 omkamen. Doe't se foar it ferstân krigen dat de ûnthjitten jierjilden net komme soene, wiene se twongen om midden yn 'e winter werom te reizgjen nei harren eigen wengebiet, wêrby't nochris 230 fan harren omkamen. Dat barren waard de Trageedzje fan Sandy Lake neamd.
Neitiid reizge de doe 93-jierrige Bizon oan it haad fan in delegaasje fan Boppemarder Tsjippewa nei Washington, D.C., om 'e saak fan syn folk te bepeitsjen. Mei him giene û.m. it opperhaad Oshoga, dy't goed fan 'e tongrym snien wie, en Benjamin Armstrong, in geletterde blanke dy't mei ien fan Bizon syn dochters troud wie en as tolk fungearje soe. Underweis diene se Sault Ste. Marie, Detroit, Buffalo, Albany en New York oan. Fral yn dy lêste stêd loeken se in protte belangstelling en krigen se de publike opiny efter har. Ferskate kearen besochten Yndiaanske aginten om 'e nocht en kear harren tsjin. Ienris arrivearre yn Washington, D.C. waarden se by it Buro fan Yndiaanske Saken fuortstjoerd, mar George Briggs, in lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen út New York dy't de oare deis in ôfspraak mei presidint Millard Fillmore hie, bea oan om 'e delegaasje mei te nimmen. Sa kaam Bizon op besite yn it Wite Hûs, dêr't hy en de rest fan 'e delegaasje mear as in oere lang op Fillmore ynpraten. Dyselde lei in dei letter foargoed it near op 'e deportaasje fan 'e Boppemarder Tsjippewa en de Mississippy-Tsjippewa út harren heitelân yn westlik Boppe-Michigan, noardlik Wiskonsin en eastlik Minnesota wei.
Sa't Fillmore tasein hie, arrivearren in jier letter, yn 1854, fertsjintwurdigers fan it Amerikaanske regear yn La Pointe om in nij ferdrach mei de Boppemarder Tsjippewa te sluten, dat bekend kaam te stean as it twadde Ferdrach fan La Pointe. De opperhaden fan 'e Odjibwe hiene leard fan harren ûnderfinings út 1837 en 1842, en besochten diskear it ferrin fan 'e ûnderhannelings safolle mooglik yn eigen hân te hâlden. Om't ûndúdlikheid yn 'e formulearring by de eardere ferdraggen in wichtich oanpart fan 'e lettere swierrichheden feroarsake hie, stie Bizon derop dat de iennichste tolk en fertaler syn skoansoan Benjamin Armstrong wêze soe, dy't er folslein fertroude. De opperhaden easken fierders de stifting fan reservaten foar de ûnderskate Yndianetroepen en it rjocht om ek neitiid op harren foarâlderlik lân bûten de reservaten te jeien, te fiskjen en yn it wyld groeiende planten te rispjen. Bizon wie tsjin dizze tiid te âld en swak om aktyf oan 'e ûnderhannelings diel te nimmen, mar efter de skermen hold er fia Armstrong en syn ûnderhearrige haadlju de toutsjes strak yn 'e hannen.
De útkomst fan it twadde Ferdrach fan La Pointe wie de oprjochting fan njoggen ferskillende Yndianereservaten foar de Boppemarder Tsjippewa: trije yn Opper-Michigan, fjouwer yn Wiskonsin en twa yn Minnesota. Bizon syn eigen La Pointe-troep krige dêrby it Bad River Yndianereservaat oan 'e noardkust fan Wiskonsin taparte, mei dêropta wat lân foar it bedriuwen fan fiskerij oan 'e eastkust fan it eilân Madeline. Fierders waard der in oansjenlik perseel lân oan 'e súdkant fan it Red Cliff Yndianereservaat, ek oan 'e noardkust fan Wiskonsin, reservearre foar Bizon sels, ûnder de namme fan 'e Buffalo Estate. Dêr't setten har mei him in soad fan 'e roomske en healbloed-leden fan 'e La Pointe-troep nei wenjen.
Ferstjerren
bewurkje seksjeBizon kaam op 7 septimber 1855 te ferstjerren yn syn berteplak La Pointe, yn 'e hege âlderdom fan 96 jier. Op syn stjerbêd makke er syn winsk kenber dat syn fredespiip en tabakspûde nei syn dea nei Washington, D.C. ta brocht en dêr oan it Amerikaanske regear oerlange wurde soene. Nettsjinsteande it feit dat er syn libben lang in oanhinger fan 'e lânseigen Midewiwin-religy west hie, liet er him op syn stjerbêd noch bekeare ta it roomsk-katolisisme. Hy waard begroeven op it Yndiaansk Begraafplak fan La Pointe, deunby de kust fan 'e Boppemar. Nei syn ferstjerren waard de Buffalo Estate noch yn 1855 by presidinsjeel dekreet ta ûnderdiel fan it oangrinzgjende Red Cliff Reservaat makke. Yn syn lange libben hie Bizon fiif froulju en in grut tal bern, en syn neikommelingen libje noch altyd yn noardlik Wiskonsin.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |