Ferdrach fan St. Peters (1837)
It Ferdrach fan St. Peters fan 1837, ek wol bekend as it Ferdrach fan 1837, it Ferdrach mei de Tsjippewa (Chippewa) of it Ferdrach fan White Pine, wie in ferdrach tusken de Odjibwe (Ojibwe, ek wol Tsjippewa, Chippewa, neamd) en de oerheid fan 'e Feriene Steaten. It waard op 29 july 1837 sletten yn it suden fan wat letter de Amerikaanske steat Minnesota wurde soe, op it plak dêr't no de stêd Mendota leit, oan 'e mûning fan 'e rivier de Minnesota (dy't doe de St. Peters River hiet) yn 'e Mississippy. Dizze oerienkomst waard op 15 juny 1838 proklamearre troch presidint Martin Van Buren.
- Dizze side giet oer it ferdrach mei de Odjibwe út 1837. Foar it ferdrach mei de Eastlike Dakota út 1805, sjoch: Ferdrach fan St. Peters (1805).
By it Ferdrach fan St. Peters stiene de Boppemarder Tsjippewa, de Mississippy-Tsjippewa, de Plonderder-Tsjippewa en de Mille Lacs-Yndianen, dy't allegear ta it gruttere folksferbân fan 'e Odjibwe hearden, in grut gebiet ôf oan 'e Feriene Steaten. De Yndianen waarden by it ferdrach fertsjintwurdige troch 47 opperhaden en foaroansteande krigers, wêrûnder Platte Mûle, Bizon en Twa-Tipys-Moetsje, wylst de Amerikaanske oerheid fertsjintwurdige waard troch kommissaris Henry Dodge, siktaris Verplanck Van Antwerp, Yndiaansk agint Lawrence Taliaferro, kaptein Martin Scott en ferskate oaren.
It gebiet dat de Odjibwe by it Ferdrach fan St. Peters oan 'e Feriene Steaten ôfstiene, omfieme in grut part fan wat neitiid noardwestlik Wiskonsin wurde soe, mei dêropta in oansjenlik diel fan wat letter eastlik sintraal Minnesota wurde soe. Yn 1837 hearde it hiele gebiet noch ta it Territoarium Wiskonsin, dat beide lettere steaten besloech. As súdgrins fan it ôfstiene gebiet waard de 'line fan Prairie du Chien' oanholden, dy't yn 1825 by it earste Ferdrach fan Prairie du Chien fêststeld wie as grins fan 'e territoaria fan 'e Odjibwe en de Eastlike Dakota. De noardgrins fan it ôfstiene gebiet wie de wetterskieding tusken rivieren dy't útmûnen yn 'e Mississippy en rivieren dy't útmûnen yn 'e Michiganmar. It ferrin fan 'e súdgrins waard letter noch justjes oanpast, sadat dy natuerlike lânskipseleminten folge, lykas rivieren en beken, en dêrtroch better oanwiisd wurde koe.
De oankeap fan it boppeneamde gebiet wie foar de Feriene Steaten nedich om tagong te krijen ta de útstrutsen bosken dêre. Der wie nammentlik in grutte fraach nei hout foar de bou fan nije huzen foar de úttynjende befolkings fan stêden as St. Louis, yn Missoery, en Cleveland, yn Ohio. Yn ruil foar it ôfstean fan it gebiet troch de Yndianen ferplichte it regear fan 'e Feriene Steaten him ta de betelling fan jierjilden oan 'e leden fan 'e dielnimmende Odjibwe-troepen foar de doer fan tweintich jier, wylst de Yndianen it rjocht beholden om yn it ôfstiene gebiet te jeien, te fiskjen en yn it wyld groeiende planten te rispjen. Dêropta waarden der noch bykommende bepalings yn 'e ferdrachstekst opnommen yn it foardiel fan 'e heal-blanke, heal-Yndiaanske Mety.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Additional reading, op dizze side. |