Ferdrach fan St. Peters (1805)
- Dizze side giet oer it ferdrach mei de Eastlike Dakota út 1805. Foar it ferdrach mei de Odjibwe út 1837, sjoch: Ferdrach fan St. Peters (1837).
It Ferdrach fan St. Peters fan 1805, ek wol bekend as it Ferdrach mei de Sû (Sioux) of de Oankeap fan Pike (Ingelsk: Pike's Purchase), wie in ferdrach tusken de Eastlike Dakota-Yndianen en de oerheid fan 'e Feriene Steaten. It waard op 23 septimber 1805 sletten yn it suden fan wat letter de Amerikaanske steat Minnesota wurde soe, op it plak dêr't no de stêd Mendota leit, oan 'e mûning fan 'e rivier de Minnesota (dy't doe de St. Peters River neamd waard) yn 'e Mississippy.
By it Ferdrach fan St. Peters waarden troch de oerheid fan 'e Feriene Steaten yn 'e persoan fan luitenant Zebulon Pike twa perselen grûn fan 'e Eastlike Dakota oankocht fan elts 14,5 km². It iene lei by de mûning fan 'e rivier de St. Croix yn 'e Mississippy, op it plak dêr't no Hastings (Minnesota) leit, en it oare lei by de mûning fan 'e rivier de Minnesota yn 'e Mississippy, dêr't no Mendota (Minnesota) leit. It doel wie om op dy plakken forten oan te lizzen foar it Amerikaanske Leger. Foar de Eastlike Dakota waard it ferdrach ûndertekene troch twa opperhaden dy't oantsjut waarden as Le Petit Carbeau en Way Aga Enogee.
It Ferdrach fan St. Peters waard op 16 april 1808 ratifisearre troch it Amerikaanske Kongres, en waard dêrmei rjochtsjildich, ek al waard it nea proklamearre troch de Amerikaanske presidint. Hoewol't der oan 'e mûning fan 'e St. Croix yn 'e Mississippy nea in fort oanlein waard, boude it Amerikaanske Leger op 'e kliffen boppe de mûning fan 'e Minnesota yn 'e Mississippy letter Fort Snelling, dat lange tiid in wichtige legerbasis wie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Additional reading, op dizze side. |