Haadmenu iepenje

Mendota (útspr.: [mɛn'do:utǝ]) is in offisjele stêd yn Dakota County, yn it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat Minnesota. De namme komt fan it Dakota-wurd foar "dêr't it wetter gearfloeit", wat slacht op 'e lokaasje, op it punt dêr't de rivier de Minnesota útmûnet yn 'e Mississippy. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 lei it ynwennertal fan 'e "stêd" doe op krapoan 200 minsken.

Mendota (Minnesota)
De strjitwei yn Mendota.
De strjitwei yn Mendota.
Sifers
Ynwennertal 198 (2010)
Oerflak 0,8 km² (ynkl. wetter)
0,7 km² (allinnich lân)
Befolkingstichtens 283,1 / km²
Hichte 234 m
Polityk
Lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Steat Flag of Minnesota.svg Minnesota
County Dakota County
Oar
Stifting 1825
Tiidsône UTC-6
Simmertiid UTC-5
Koördinaten 44°53′08″N 93°09′38″W
Webside www.cityofmendota.org
De lizzing fan Mendota yn Dakota County en yn 'e steat Minnesota.
De Sint-Petrustsjerke fan Mendota.

SkiednisBewurkje

Mendota waard stifte yn 1825, en wie ien fan 'e earste permaninte blanke delsettings op it grûngebiet fan wat no de steat Minnesota is. De Sint-Petrustsjerke fan Mendota is de âldste tsjerke fan 'e steat, en datearret út 1840. Yn 't earstoan wie it stedsje in hannelspost fan 'e Amerikaanske Bûntkompanjy (American Fur Company), de Amerikaanske wjergader fan 'e bekendere Britske Hudsonbaaikompanjy. Ferskate gebouwen út dy tiid, no monuminten dy't mei-inoar in museum foarmje, hâlde de oantins oan dy dagen noch yn libben.

DemografyBewurkje

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Mendota 10,1% âlder as 65 jier en 26,8% jonger as 18 jier. Fierders bestie 33,3% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst neffens âldere gegevens, fan 'e folkstelling fan 2000, doe 1,3% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 87,9% blanken; 3,5% Latino's; 2,0% Aziaten; 1,5% Yndianen; 1,5% swarten; 3,6% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.