St. Croix (rivier yn Wiskonsin en Minnesota)

De St. Croix (Frânsk foar "Hillich Krús") is in rivier yn Noard-Amearika, dy't troch dielen fan 'e Amerikaanske steaten Wiskonsin en Minnesota streamt. Dizze rivier ûntspringt by Solon Springs, yn noardwestlik Wiskonsin, yn 'e mar it Upper St. Croix Lake (op 46°23′19″ noarderbreedte by 91°45′34″ westerlingte). Dêrwei streamt er nei it súdwesten en dan frijwol rjocht nei it suden, om úteinlik by Prescott (Wiskonsin) (op 44°44′45″ noarderbreedte by 92°48′10″ westerlingte) út te mûnjen yn 'e bopperin fan 'e rivier de Mississippy.

St. Croix
geografy
lân Feriene Steaten
steat Minnesota
Wiskonsin
ûntspringt yn it Upper St. Croix Lake
lokaasje boarne by Solon Springs
mûnet út yn de Mississippy (rivier)
lokaasje mûning by Prescott
plakken Hudson, Osceola, Prescott, River Falls, St. Croix Falls, Somerset, Stillwater, Taylors Falls
sydstreamen Apple, Eau Claire, Giele Rivier, Kettle, Kinnickinnic, Namekagon, Snake, Sunrise
sifers
lingte 272 km
hichte boarne 342 m
hichte mûning 217 m
ferfal 125 m
It streamgebiet fan 'e St. Croix.

De St. Croix hat in lingte fan likernôch 272 km en streamt troch of bylâns de stêden St. Croix Falls, Osceola, Hudson, Prescott, Somerset en River Falls yn Wiskonsin en Taylors Falls en Stillwater yn Minnesota. By St. Croix Falls stiet in wetterkrêftsintrale dy't de streaming fan 'e St. Croix brûkt om elektrisiteit op te wekjen foar de twillingstêden Minneapolis en St. Paul (Minnesota). De legere 201 km fan 'e St. Croix foarmet de grins tusken Wiskonsin en Minnesota.

Oan 'e lofterigge mûnje de sydrivieren de Sunrise, de Snake en Kettle yn 'e St. Croix út, en oan 'e rjochterigge de Apple, de Giele Rivier, de Namekagon, de Eau Claire en de Kinnickinnic. De St. Croix hat de (beskerme) status fan in national scenic riverway en wurdt sadwaande beheard troch de Amerikaanske National Park Service.

Dunn, James Taylor, The St. Croix: Midwest Border River, New York, 1965 (Holt, Rhinehart and Winston), ISBN 978-0 87 35 11 414.
McMahon, Eileen M., en Karamanski, Theodore J., North Woods River: The St. Croix River in Upper Midwest History, Madison (Wiskonsin), 2009 (University of Wisconsin Press), ISBN 978-0 29 92 34 249.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.