Mille Lacs-Yndianen
De Mille Lacs-Yndianen (Ingelsk: Mille Lacs Indians; Odjibwe: Misi-zaaga’iganiwininiwag) foarmje in histoarysk folksdiel fan 'e Odjibwe (Ingelsk: Ojibwe), dy't ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd wurde, in grut Algonkwynsktalich Yndiaansk folk út it gebiet fan 'e Grutte Marren yn 'e Feriene Steaten en Kanada.
De Mille Lacs-Yndianen ûntstiene út in ferraning fan trije Yndianetroepen:
- de Mille Lacs-troep fan 'e Biitan-akiing-enabijig-stamme (de saneamde "Grinssitters") fan 'e Boppemarder Tsjippewa;
- de Mille Lacs-troep fan 'e Mississippy-Tsjippewa; en
- de Mille Lacs-troep fan 'e Mdewakanton-stamme fan 'e Eastlike Dakota.
Oarspronklik wennen de Boppemarder Tsjippewa en de Mississippy-Tsjippewa yn Opper-Michigan, mar fanwegen tanimmende befolkingsdruk, begearte nei in grutter oandiel yn 'e lukrative pelshannel mei de Frânsen, en oanboazjende ynterne ferdieldheid feroarsake troch it preekjen fan it kristendom troch Frânske jezuïten begûn in oansjenlik diel fan harren yn 1737 yn westlike rjochting fuort te tsjen, it binnenlân yn fan wat no Wiskonsin en Minnesota is. Troch de oerwinning fan 'e Mille Lacs-troep fan Boppemarder Tsjippewa en de Mille Lacs-troep fan Mississippy-Tsjippewa yn 'e Slach by Kathio, yn 1750, krigen dy it doe foar it sizzen yn 'e krite fan 'e Mille Lacs-mar yn eastlik sintraal Minnesota. Mar om't beide partijen dy mar as in tige hillich plak beskôgen, waard der, neffens de mûnlinge oerlevering fan 'e Mille Lacs-Yndianen, koarte tiid letter in gearkomste belein om oer frede te praten.
Dêrby waard besletten dat de leden fan 'e beide Odjibwe-troepen alle seremoniële dûnsen en lieten fan 'e pleatslike Eastlike Dakota-troep leare soe, wylst de Dakota freedsum troch de Odjibwe assimilearre wurde soene. Mei't dêrtroch de oantsjuttings Odjibwe en Dakota net mear tapaslik wiene, krige it nije stamferbân de neutrale namme fan 'Mille Lacs-Yndianen'. Neitiid ûntjoech de nije stamme him troch syn mingde ôfstamming ta in knooppunt foar en ferbining tusken de kultueren fan 'e Odjibwe en de Sû (Sioux; dêr't de Dakota it eastlike folksdiel fan foarmje).
Hjoed de dei identifisearje de Mille Lacs-Yndianen harsels allegear as etnyske Odjibwe, mar in soad fan harren hawwe de Ma’iingan (Wolf) as har wichtichste toatem, wat harren Dakota-ôfstamming ferriedt, mei't dy toatem by de Odjibwe net foarkomt. De Mille Lacs-Yndianen wurde yn 'e Feriene Steaten fertsjintwurdige troch de federaal erkende Mille Lacs Troep fan Odjibwe, dy't yn 1934 gearstald waard út 'e Mille Lacs-Yndianen, de Sandy Lake- en Rice Lake-troepen fan 'e Mississippy-Tsjippewa en de westlike helte fan 'e St. Croix-troep fan 'e Boppemarder Tsjippewa. In lyts diel fan harren is yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw ferfearn nei it White Earth Yndianereservaat en ôfstammelingen fan dy groep meitsje no diel út fan 'e federaal erkende White Earth Naasje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en External links, op dizze side. |