Mille Lacsmar

(Trochferwiisd fan Mille Lacs-mar)

De Mille Lacsmar (Ingelsk: Mille Lacs Lake of inkeld ek wol Lake Mille Lacs), is in mar yn it sintrale diel fan 'e Amerikaanske steat Minnesota, yn 'e countys Mille Lacs, Aitkin en Crow Wing. It leit rûchwei 160 km benoarden de Twillingstêden, Minneapolis en Sint-Paul. De Mille Lacsmar hat in oerflak fan 536 km², wat it ta it op ien nei grutste binnenwetter fan 'e steat makket, nei Red Lake. It djipste punt leit op 13 m ûnder it wetteroerflak.

Mille Lacsmar
geografy
type wetter mar
lokaasje easten fan Noard-Amearika
lân Feriene Steaten
steat Minnesota
koördinaten 46°14′17″N 93°38′36″W
sifers
oerflak 536 km²
djipste punt 13 m
kaart
Mille Lacsmar (Minnesota)
Mille Lacsmar
Lizzing yn Minnesota.

De namme fan 'e mar giet werom op 'e iere Frânsk-Kanadeeske ûntdekkingsreizgers yn it gebiet; mille lacs is Frânsk foar "tûzen marren". (Yn it Frânsk wurdt de s op 'e ein fan lacs trouwens net útsprutsen, mar yn it Ingelsk wol.) Yn 'e taal fan 'e Odjibwe-Yndianen hjit it wetter Misizaaga’igan, wat "grutte mar" betsjut.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.