Plonderder-Tsjippewa
Plonderder-Tsjippewa is (Ingelsk: Pillager Chippewa; Odjibwe: Makandwewininiwag) foarmje in histoarysk folksdiel fan 'e Odjibwe (Ingelsk: Ojibwe), dy't ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd wurde, in grut Algonkwynsktalich Yndiaansk folk út it gebiet fan 'e Grutte Marren yn 'e Feriene Steaten en Kanada. Foar de kolonisaasje fan harren wengebiet troch de blanken libben de Plonderder-Tsjippewa om 'e boarne fan 'e rivier de Mississippy hinne, yn wat letter de Amerikaanske steat Minnesota wurde soe. Harren namme, Plonderders (Ingelsk: Pillagers; Frânsk: Pilleurs) is in letterlike oersetting fan harren autonym Makandwewininiwag, dat "Plonderjend Folk" betsjut. De oantsjutting giet nei alle gedachten werom op 'e funksje fan dizze folksgroep as de foarhoede fan 'e Odjibwe by de ferovering fan lân dêr't oarspronklik de Eastlike Dakota wennen.
Skiednis
bewurkje seksjeEar't de Plonderder-Tsjippewa yn kontakt kamen mei de Feriene Steaten, bestiene se út sân troepen mei ferskate subtroepen:
- noardlike troepen
- de Cass Lake-troep (ek oantsjut as de Red Cedar Lake-troep)
- de Lake Winnibigoshish-troep
- de Turtle Portage-troep
- eastlike troepen
- de Leech Lake-troep
- de Bear Island-troep
- de Boy Lake-troep
- de Pine Point-troep
- de Wiere Plonderder-troep
- de Crow Wing River-troep
- de Upper Crow Wing River-troep
- de Leech Lake-troep
- westlike troepen
- de Otter Tail Lake-troep
- de Otter Tail River-troep
Yn 1855 waarden by it Ferdrach fan Washington trije Yndianereservaten stifte foar de Plonderder-Tsjippewa, yn ruil wêrfoar't hja har lân yn noardlik sintraal Minnesota ôfstiene oan 'e Feriene Steaten. Dy reservaten wiene:
- it Cass Lake Yndianereservaat
- it Lake Winnibigoshish Yndianereservaat
- it Leech Lake Yndianereservaat
Troch oanfoljende ferdraggen mei it Amerikaanske regear ferdûbelen de Leech Lake en Lake Winnibigoshish Reservaten yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw hast yn omfang. Doe't yn 1867 it White Earth Yndianereservaat stifte waard, stimden de beide westlike troepen fan 'e Plonderder-Tsjippewa, dy't op dat stuit yn prinsipe lânleas wiene, deryn ta om har dêre mank de Mississippy-Tsjippewa en guon Mille Lacs-Yndianen nei wenjen te setten. Yn 1934 giene de Cass Lake en Lake Winnibigoshish Reservaten, yn 'e mande mei it White Oak Point Yndianereservaat fan 'e Mississippy-Tsjippewa, op yn it gruttere Leech Lake Yndianereservaat.
Hjoeddeiske stammen
bewurkje seksjeHjoed de dei wurde de Plonderder-Tsjippewa yn 'e Feriene Steaten fertsjintwurdige troch twa federaal erkende stamme-organisaasjes:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |