De (gewoane) kraanfûgel of kraan (Grus grus) is ien fan de grutste Europeeske fûgels. It is de ienichste soarte fan de famylje fan de kraanfûgels yn Noard- en Midden-Europa.

kraanfûgel
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift kraanfûgeleftigen (Gruiformes)
famylje kraanfûgels (Gruidae)
skaai gewoane kraanfûgels (Grus)
soarte
Grus grus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

De kraanfûgel is in 122-122 sm grutte fûgel mei lange poaten en in lange hals. De kop en hals fan de kraanfûgel binne swart mei in reade skedel en wite streken oan de sydkant fan de kop en hals. Hy hat grize fearren, mei opfallende fearren dy't yn in bôge oer de sturt hingje. De spanwiidte fan de wjukken is sa'n 220 sm. Kranen fleane mei útstrekte hals, yn in kloft yn in lange rige of V-formaasje. Fierder falt syn trompet-eftige lúd op.

Fersprieding

bewurkje seksje

Yn in skier ferline wie de kraanfûgel in briedfûgel yn Nederlân. Wannear't it lêste pearke yn Nederlân ta in nêst kamen is net bekend, mar healwei de 19e iuw begûn troch it oanmeitsjen fan lân it tradisjonele briedgebiet yn Europa lytser te wurden. Likernôch healwei de 20e iuw briede de fûgel noch yn it noarden fan Dútslân, Noarwegen, Sweden, Finlân en Ruslân. Fieder wiene der noch in pear isolearre populaasjes yn it suden fan Europa. De fûgel bleau lykwols foar ús lân in trekfûgel en striek sa noch wol yn Nederlân del, benammen yn it súdeastlike diel fan it lân, lykas yn de Peel yn East-Brabant.[1]

Sûnt 2001 briedt de fûgel mei troch ynvestearrings yn wiete heide- en feangebieten en nije natuer wer op 'e nij yn Nederlân. De earste nêsten waarden yn it Fochtelerfean boud en fan dêr út fûn de fûgel oare plakken om te brieden yn û.o. it Dwingelderfjild en letter ek yn Oerisel, Gelderlân, Noard-Brabân en Limboarch. Yn 2019 telde it Fochtelerfean 9 pearkes, mar troch de droechte waarden der mar twa piken grutbrocht[2].

De fûgels dy't yn de meast westlike gebieten briede oerwinterje meast yn Marokko en op it Ibearysk Skiereilân. De mear eastlike fûgels meast yn East-Afrika yn de sompen by de Nyl.

Fuortplanting

bewurkje seksje
 
Aai fan de kraanfûgel

De kranen begjinne yn it foarjier mei in opfallende balts. Sy dûnsje yn rûntsjes wêrby't se mei de wjukken wiidút om inoar hinne springe en se lúd trompetterje. De fûgels meitsje in nêst fan planteresten, leafst yn de sompen sadat it wetter om it nêst hinne leit. It wyfke leit 2 aaien dy't troch beide âlden yn sa'n 29 dagen útbret wurde. It duorret dan noch 9 oant 10 wiken foar de jonge fûgels fleane kinne, mar ek dan bliuwe se noch oant de winter by harren âlden.

Alhoewol't it tal fûgels yn it lân tanimt, binne de briedsúksessen fan de fûgel noch wol in soarch. Njonken droechte, lykas yn de simmer fan 2019, foarmet ek de rekreaasjedruk in bedriging foar it briedsúkses fan de fûgel. Troch't de kranen mei harren piken om te fûrazjearen fan it nêstplak yn it fean nei it omlizzende lânbougebiet rinne en dêrby paden en diken oer moatte, komt it faak foar dat de rêst fersteurd wurdt en/of der piken deariden wurde.

De kraanfûgel is net in sinnige iter, hy mei fan alles. Fan sied en dielen fan planten oant ynsekten en oare lytse dieren.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: