De Sânmar is in mar op de grins fan de gemeenten Nijefurd en Wymbritseradiel. De mar stiet oan de eastkant yn ferbining mei de Grutte Gaastmar en fia de Koartfliet en Langfliet yn it noardwesten is der ferbining mei Warkum. Yn it noardlike gedielte fan de Sânmar leit it eilantsje Bûterpôle. Op de westlike ouwer leit It Heidenskip.

Sânmar

De namme Sânmar jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Zandmeer.