Mar fan de Wâlden

De Mar fan de Wâlden (Ingelsk: Lake of the Woods; Frânsk: Lac des Bois), is in grut binnenwetter yn it eastlike diel fan it Noardamerikaanske kontinint, fuort bewesten de Grutte Marren. It leit persiis op 'e grins fan 'e Amerikaanske steat Minnesota en de Kanadeeske provinsjes Ontario en Manitoba. It grutste part fan 'e Mar fan 'e Wâlden wurdt omjûn troch Ontariaanske grûngebiet, wylst Manitoba yn 'e súdwestlike hoeke in lyts stikje kustline hat. Minnesota omfettet de súdlike kust fan 'e mar, plus in lyts stikje lân oan 'e westkust dat troch Manitobaansk grûngebiet fan 'e rest fan Minnesota ôfsnien wurdt. Dat stikje lân stiet bekend as de Noardwestlike Hoeke (Northwest Angle), en it is it noardlikst leine diel fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten.

Mar fan de Wâlden
geografy
type wetter mar
lokaasje easten fan Noard-Amearika
lân Kanada
Feriene Steaten
prov./steat Ontario
Manitoba
Minnesota
koördinaten 49°15′N 94°45′W
sifers
maks. lingte 109 km
maks. breedte 95 km
oerflak 4.349 km²
djipste punt 64 m
kaart
Mar fan de Wâlden (Ontario)
Mar fan de Wâlden
Lokaasje yn 'e Kanadeeske provinsje Manitoba.

De Mar fan 'e Wâlden hat in oerflak fan likernôch 4.349 km², mei it djipste punt op 64 m ûnder it wetteroerflak. Op it langste punt mjit de mar 109 km (fan noard nei súd) en op it breedste punt 95 km (fan west nei east). De Mar fan 'e Wâlden wurdt benammentlik fieden troch de rivier de Rainy, en wetteret ôf fia de rivier de Winnipeg nei de Winnipegmar, en dêrwei troch de rivier de Nelson, dy't úteinlik útmûnet yn 'e Hudsonbaai. De ekonomy fan 'e omlizzende krite draait benammentlik op toerisme, mei't de Mar fan 'e Wâlden in sintrum fan ferdivedaasje is, dêr't minsken komme om te boatsjefarren, wettersporten, kampearjen en angeljen. Der is sels in strân om op te sinnebaaien.

Der lizze mear as 14.552 ûnderskate eilantsjes yn 'e Mar fan 'e Wâlden, wêrfan't de measten net yn kultuer brocht binne en tsjinje as nêstgebiet foar û.m. de dwerchwilster en de Amerikaanske wite pilekaan. Ek nestelje der hûnderten pearkes see-earnen oan 'e mar. De kust is tige bochtich en krinkeljend, en sadwaande soe it wetter de langste kustline (al mei al 105.000 km) hawwe fan alle Kanadeeske marren, as de mar net foar in diel op Amerikaansk grûngebiet lei. It grutste stik lân yn 'e mar is it 32 km lange en 16 km brede Aulneau-skiereilân, dat fan 'e eastkust, yn Ontario, safier útstekt nei it westen dat it de mar suver midstwa spjalt.

In satellytbyld fan 'e Mar fan de Wâlden, út 2018.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.