Haadmenu iepenje

Alliearden (Grutte Fryske Oarloch)

De Alliearden, de ferbûnenen, foarmen meiïnoar in partij yn it militêr konflikt dat bekend stiet as de Grutte Fryske Oarloch. Se bestie út in tal lytsere partijen: de Fetkeapers, de Bronkhorsten, de Onsta's en de partij fan Keno II tom Brok. Fan dy dielnimmers foarmen de famylje Tom Brok út East-Fryslân en de Bronkhorsten út de stêd Grins de lieders. Harren opponinten yn dat konflikt wiene de Skieringers, dy't fierwei it wichtichste part fan de tsjinpartij fertsjintwurdigen, folle mear as de Hekerens, de tsjinpartij fan de Onsta’s en de partij fan Hisko Abdena.

Yn Westerlauwersk Fryslân sieten benammen de Skieringers en yn de stêd Grins, de Ommelannen en East-Fryslân de Alliearden.