Hebelius (Haebele) Potter (Dokkum, 1768 - Soerabaja, 18 april 1824) wie in Frysk predikant en publisist.

Hebelius Potter

Potter stie as herfoarme predikant yn Peins (1793-1805), yn Ingelân, yn Amsterdam, Dútslân en yn Nederlânsk-Ynje.

Libben en wurk bewurkje seksje

Potter gie yn in soarte fan frijwillige ferbanning, mei ûnder druk fan revolúsjonêre ûntjouwings yn noard-west Fryslân (Jakobinen) nei 1795. Ek yn it bûtenlân waard er lykwols mei dieden fan geweld konfrontearre. Op syn earste reis nei Súd-Afrika bedarre er yn in seeslach tusken Ingelske en Frânske skippen. Hy waard as kriichsfinzene nei Plymouth en letter nei Londen brocht. Dêr kaam er yn tsjinst by de Hollânske gemeente yn 1806. Werom yn Nederlân waard er yn 1807 helppreker te Amsterdam en yn 1810 predikant by de Hollânske gemeente yn Hanau, oant 1818. Yn Hanau seach er út de toer fan syn tsjerke wei hoe't de legers fan Napoleon oan 'e slach wienen (30 oktober 1813).

Dêrnei ferfarde er nei Ynje. Ek letter reizge Potter noch in soad en naam hjir en dêr pastorale soarch op 'e noed. Hy skreau sa'n tolve reisferhalen mei dêryn ek meidielingen oer Fryslân. It makke him in bekend skriuwer yn syn tiid, mar syn wurk waard nei syn dea rillegau fergetten.

Potter wie troud mei A. Visscher, dy't 10 febrewaris 1856, by har bern te Probolingo stoar.

Publikaasjes bewurkje seksje

Under oaren:

  • Lotgevallen En Ontmoetingen Op Eene Mislukte Reize Naar de Kaap de Goede Hoop in de Jaren 1804, 1805 En 1806: In Brieven Aan Eenen Vriend, Volumes 1-2
  • Wandelingen en kleine reizen door sommige gedeelten van het vaderland deel I en II; Auteur: Hebelius Potter 1768-1824 Jier: 1808-1809 Utjouwer: Amsterdam : A.B. Saakes. Begraffenis yn Ferwert, hjir: [1]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Potter, Hebelius.

  • Ellen Krol,The ‘voluntary’ exile of Hebelius Potter yn tydskrift De Achttiende Eeuw 38 (2006) nr.2, temanûmer 'Ballingschap'
  • Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek (NNBW), Potter, Hebelius