Alvestêdekuiertocht
De Alvestêdekuiertocht wurdt sûnt 1946 alle jierren yn maaie hâlden. Yn fiif dagen moat 205 kilometer rûn wurde. Guonts dy't soks tefolle fine as net oankinne, kinne ek in stik fan de rûte rinne. De tocht begjint en einiget yn Ljouwert.
Rûtes
bewurkje seksjedei 1 : fan Ljouwert nei Sleat
dei 2 : fan Sleat nei Warkum
dei 3 : fan Warkum nei Frjentsjer
dei 4 : fan Frjentsjer nei Dokkum
dei 5 : fan Dokkum nei Ljouwert
Wa't yn syn eigen fakânsje lâns de alve stêden rinne wol, kin by it VVV in spesjaal arranzjemint boeke. De bagaazje wurdt yn dat geval neibrocht.